Ammerins Moss-de Boer
Ammerins Moss-de Boer (1974) waard berne yn Dokkum, groeide op yn Rinsumageast en studearde Ingelske taal en kultuer yn Grins. Se hat in set yn Ierlân en Noard-Ierlân wenne en kin no har leafde foar sawol it Ingelsk, Frysk en Nederlânsk en foar it lêzen fan goede, spannende boeken goed kwyt yn har wurk as tolk en oersetter. De kombinaasje fan it tolken foar bedriuwen en oerheid en it meitsjen fan oersettingen op juridysk, medysk en kreatyf mêd hâldt har fan de dyk. Se set har fia It Skriuwersboun yn foar in bettere posysje fan skriuwers yn it Frysk en de promoasje fan de Fryske literatuer. Ammerins kaam har man tsjin op de universiteit fan Belfast en oertsjoege him om mei te ferhúzjen nei Nederlân. Tegearre hawwe sy twa bern.
1 artikelen
Verwijder alle