Ben Hogeterp waard as twadde soan fan in doarpssmid berne yn 1947. Nei syn technyske oplieding wie er goed 30 jier wurksum yn de yndustriële automatisearring.
Yn 2001 stapte er, nei in HBU oplieding teology, oer nei in baan by de Protestantse Kerk Nederland. Fan skriuwen kaam - útsein syn earste boek De Opgang - fanwegen in drok bestean net folle. Doe 't er yn 2010 mei pensjoen gie, wie der mear tiid beskikber foar frijwilligerswurk en kreative aktiviteiten. Yn 2023 kaam syn roman ‘Lotgenoten’ út as e-boek. De roman Orpah is syn Fryske debút. Ben Hogeterp nimt as ankerpunt foar syn ‘skriuwen’ graach in histoarysk barren.

Hy is troud en hat trije bern en twa bernsbern.

1 artikelen  

Verwijder alle