Eize de Boer (1951) waard berne yn Parregea, groeide op yn Snits en wennet no al goed fjirtich jier yn Tytsjerksteradiel. Earst wie er fyftjin jier automonteur, doe hast tritich jier freelance ferslachjouwer en letter noch sa'n fiif jier postbesoarger. Hy publisearre gedichten en ferhalen yn ûnder oaren Frysk en Frij, Friesch Dagblad, Leeuwarder Courant (Lyrische Courant), F-Side en streekblêd Actief. Yn 1989 ferskynde syn debútroman Op 'e flecht. Yn 1993 kaam Hoe kinst dat no rymje út, in bondel mei rymadvizen en foarbylden fan gelegenheidsgedichten. Yn 1999 seach It sicht is withoefier en 't eachweid grut it ljocht, in bondel mei fersen yn sonnetfoarm oer Fryske doarpen. Yn 'e twadde helte fan 2017 fûn er romte om wurk te meitsjen fan in plan: it skriuwen fan syn twadde roman Monkeys dilemma.


2 artikelen  

Verwijder alle