Eric Hoekstra beskriuwt himsels as tinker en dichter. Yn 2007 bivakkearre hy in wike yn in tonne foar in boekhannel ter gelegenheid fan de Maand van de Filosofie, yn it spoar fan de âlde Grykse filosoof Diogenes de Synikus. Fierder sette hy wurk fan de filosoof Friedrich Nietzsche oer yn it Frysk, wêr’t hy de Obe Postmapriis foar krige. Yn syn hoedanichheid fan taalkundige ûndersiket hy ûnder oaren ferbale manipulaasje yn nijs- en aktualiteiterubrieken. Nêst syn taalkundich en letterkundich wurk skriuwt hy kollums foar de populêre nijsside liwwadders.nl. Hoekstra slagget yn it goed beargumentearjen fan orizjinele stânpunten. Yn 2012 ferskynde fan syn hân in Nederlânske en in Fryske oersetting (yn ien bân) fan de Bhagavad Gita. Yn 2014 ferskynde Midfrysk Goud, yn 2017 Waatze Gribberts Brulloft en It Libben fan Aagtje IJsbrants, beide hertalingen fan Midfrysk wurk.



6 artikelen  

Verwijder alle