Binnentun (e-boek)
Bondel haikû’s yn it Frysk yllustrearre mei prachtige foto’s fan Ouke Kooistra. Der sit in cd by mei troch Tryntsje van der Veer en Rob du Jardin ynsprutsen teksten en fioele- en piano-ymprovisaasjes fan Rob du Jardin
€ 9,95
Omschrijving
De debútbondel Binnentún van Tryntsje van der Veer befettet 49 haikû’s yn it Frysk, oer de natoer en it libben. De dichtfoarm noege har út om sa sober en folle-sizzend mooglik te wêzen.
Op har syktocht trof sy Ouke Kooistra, dy’t meardere kearen eksposearre yn ’e kapel fan Bronkhorst. Syn bysûndere oanpak fan gewoane objekten resultearre yn fotowurk wêrfan’t de sfear goed by de haikû’s oanslute. Rob du Jardin foege in ekstra diminsje ta. Tegearre mei de skriuwster spriek hy teksten yn. It lûd fan de stimmen fariearret fan donker, gefoelich en hertstochtlik ta rêstich en plechtich. Syn ymprovisaasjes op fleugel en fioele omliste de fersen, wêrtroch in totaalbelibbing ûntstiet. Sa kaam der in multimediaal en meardiminsjonale projekt yn wurd, byld en lûd ta stân.
Formaat | e-boek |
Aantal pagina's | 68 |
Levertijd | 0 werkdagen |
Auteur | Tryntsje van der Veer |
Korte levensbeschrijving | Tryntsje van der Veer (1960, Nijegea H.O.) is graach dwaande mei taal, ritme en muzyk. Sy skriuwt, dichtet en sjongt al langere tiid. Yn har famkesjierren wûn se in priis mei in fers yn ’e Lyrische Krante, it byblêd fan de Ljouwerter. Om utens stjoerde sy sa no en dan wurk yn foar in priisfraach. Sa foel sy by Poëzie yn Sutfen yn ’e prizen mei it fers ‘Accoord’. |
Tweede auteur | Rob du Jardin |
Biografie 2e auteur | Kunde fia de kursusgroep fan Tresoar brochten har yn kontakt mei Rob du Jardin (1969). De haikû’s ynspirearren him ta muzyk. Fuortendaliks stjoerde er in mailtsje nei Tryntsje mei taheakke ideeën foar lûdsfragminten by de haikû’s. |
Verschijningsdatum | 2013-01-01 |
Specificaties
- Artikelnummer
- 978-90-8954-482-7
- EAN nummer
- 9789089544827
- Auteur
- Tryntsje van der Veer
- Tweede auteur
- Rob du Jardin