Blomlezing ut e Spaanse poezij - e-boek
Oersetting fersen fan Spaanse dichters troch de ieuwen hinne yn krêftige, linige fersrigels
€ 5,50
Omschrijving
Mar in hantsjefol oersettings besteane der yn it Frysk fan Spaanstalige poëzij. Dizze bondel foeget dêr gâns in tal fersen oan ta. Klaas Bruinsma lit de lêzer yn ús eigen memmetaal genietsje fan al it prachtige dat Spaanse dichters troch de ieuwen hinne skreaun hawwe, yn krêftige, linige fersrigels.
De earste gedichten binne al út it iere begjin fan de sechstjinde ieu, en geande troch de tiid hinne einet de oersetter mei in noch libbene dichter út Nicaragua, dy’t yn syn eigen lân sjoen wurdt as ‘de belangrykste dichter op dit stuit yn Latyns-Amerika’.
De treflike, wieldrige Spaanse gedichten binne in genot om te lêzen en de skientme fan de Fryske fertalingen foeget der in diminsje fan eigenens oan ta. Al mei al in oanwinst foar ús hieltyd waaksjende Fryske bibleteek.
Klaas Bruinsma hat in grut tal Fryske oersettings op syn namme stean, û.o. út it Latyn, Gryks, Ingels, Dúts, Middelnederlâns
Formaat | eboek |
Aantal pagina's | 125 |
Levertijd | 0 werkdagen |
Vertaler | Klaas Bruinsma |
Biografie | Nei syn pensioen hat Klaas Bruinsma (1931, Easterein) him hielendal wijd oan syn grutte leafde, it oersetten fan klassiken út de wrâldliteratuer. As gymnasiast wie er dêr al mei begûn. Yn 1993 krige Bruinsma de dr. Obe Postma-priis foar syn oersetting fan trije trageedzjes fan Sofokles: Filoktêtês, Kening Oidipoes en Oidipoes yn Kolonos. It sjueryrapport meldde dat Bruinsma yn syn oersetting tichte by de oarspronkelike tekst bleau, mar dat hy oersette mei each foar it feit dat de stikken bedoeld binne om te spyljen. |
Verschijningsdatum | 23-07-2014 |
Specificaties
- Artikelnummer
- 978-90-8954-659-3
- EAN nummer
- 9789089546593
- Auteur
- Klaas Bruinsma
- Vertaler
- Klaas Bruinsma