De boumaster fan de Aldehou (e-boek)
Afbeelding van De boumaster fan de Aldehou (e-boek)
Afbeelding van De boumaster fan de Aldehou (e-boek)

De boumaster fan de Aldehou (e-boek)

Cornelis Frederiks wurdt assistint fan boumaster Jacob van Aaken, dy’t yn 1529 begongen is mei de bou fan de Aldehou yn Ljouwert. Troch de sunigens fan de opdrachtjouwers wurdt de fundearring net goed útfierd en begjint de toer skeef te sakjen

€ 6,50



    Omschrijving

    Cornelis Frederiks wurdt assistint fan boumaster Jacob van Aaken, dy’t yn 1529 begongen is mei de bou fan de Aldehou yn Ljouwert. Troch de sunigens fan de opdrachtjouwers wurdt de fundearring net goed útfierd en begjint de toer skeef te sakjen. Nei Van Aken syn dea wurdt Cornelis boumaster, mar as it jild op is moat de bou úteinlik stillein wurde. It boek fertelt net allinne it relaas fan de mislearre bou, mar ek fan de leafde tusken Cornelis en Van Aken syn tsjinstfaam Chistyn, yn de tiid fan de herfoarming, mei spanning en betizing, as fan hegerhân op nije sekten reagearre wurdt mei ferfolging. Tamminga syn histoaryske roman waard yn 1986 bekroand mei de Piter Jellespriis fan de stêd Ljouwert.
    Dizze fjirde printinge is de werútjefte fan de earste printing út 1985.

    It is in stik tige wichtige, oant no ta net of amper yn de literatuer ferarbeide Ljouwerter skiednis, dy’t yn De boumaster fan de Aldehou ta libben brocht wurdt. Ta libben yn kante, men kin gerêst sizze markante taal, dêr’t nammers de boumaster fan Ysbrechtum it masterskip oer hat.
    Sjuery Piter Jellespriis

    In meinimmend boek foar wa’t hâldt fan in op tradisjonele mar tige sfearfolle wize ferteld ferhaal.
    Tineke Steenmeijer-Wielenga yn de Leeuwarder Courant

    De boumaster fan de Aldehou is in ljochtsjend foarbyld fan wat it Frysk, sûnder opgniste wurden, noch wêze kin.
    Piter Terpstra yn De Strikel

    Formaate-boek
    Aantal pagina's160
    Levertijd0 werkdagen
    AuteurD.A. Tamminga
    Korte levensbeschrijving

    Douwe Annes Tamminga (1909-2002) wurke yn it middelber ûnderwiis en nei 1962 as wittenskiplik meiwurker oan de Fryske Akademy. Hy skreau yn omtrint alle literêre sjenres: lyryske en epyske poëzy, stikeldichten en gelegenheidswurk, skeppend en skôgjend proaza, toanielwurk en oersettings. Hy wie fan begjin oant ein tige betrutsen by it literêre tydskrift De Tsjerne.

    Verschijningsdatum2012-04-16

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-403-2
    EAN nummer
    9789089544032
    Auteur
    D.A. Tamminga