Omschrijving
Achterom sjen is miskien net sa handich. De âlde nekke kin der eins net oer en do sjochst ek saken dysto yn de sydspegels net sjen wolst. Oan de oare kant woe ik graach yn de humor en de humor is bytiden wreed. En ja, wa’t yn de humor wurket is bekend mei de selsspot en sa’n relativearjende aap moat ek in sportive kant ha.
Yn dit boek sjocht Jan Schokker werom op syn libben, syn wurk en de skriuwerij. Hy docht dat mei in koartswilige ynslach en leit de neidruk op bysûndere ûnderfiningen en aparte situaasjes. Nei in rige boeken mei plysjeman Ale Alema yn de haadrol en in boek oer twa twillingbruorren en in famyljebedriuw no in boek oer Schokker sels. Ek ien fan in twilling trouwens.
Formaat | 125x190x10 mm |
Aantal pagina's | 98 |
Levertijd | 2 werkdagen |
Auteur | Jan Schokker |
Biografie | Jan Schokker is yn 1952 berne yn Oranjewâld as helte fan in twilling. Nei in technysk begjin komt it kreative yn him boppe en fanôf syn fjouwerentweintichste is hy selsstannich mei in eigen standbouw- en beletterings- bedriuw. Skriuwen is fan jongs oan ôf in passy en nei in tal toanielstikken, revu’s, ferhalen, no in boekje oer humor. Wenne jierren yn Langsweagen en sûnt 1989 yn Jonkerslân. |
Verschijningsdatum | 17-11-2018 |
Specificaties
- Artikelnummer
- 978-94-6365-096-0
- EAN nummer
- 9789463650960
- Auteur
- Jan Schokker