De Kaartlizzer (e-boek)
In skiednis fan begearte en bedroch dy't him ôfspilet yn in broeiske sfear fan rabberij, byleauwe en erotyk. It is it ferhaal fan in groeiende spjalt tusken man en wiif
€ 5,50
Omschrijving
De Kaartlizzer (1856) fertelt in skiednis fan begearte en bedroch dy't him ôfspilet yn in broeiske sfear fan rabberij, byleauwe en erotyk. It is it ferhaal fan in groeiende spjalt tusken man en wiif. Hy in bolderbast dy't it leauwe ôfsward hat, sy fynynlein, from foar de hân, bang en byleauwich. In kaartlizzer hat har foarsein dat har man stjerre en sy boerinne wurde sil, en dan begjint se út te sjen nei de dea fan har man. Troch it tapassen fan flashbacks en toanieldialogen en troch it efterhâlden fan ynformaasje liket it ferhaal ynearsten in puzzel dy't de lezer oplosse moat. Oan 'e ein falle de stikken teplak yn in flymskerp portret.
Formaat | e-boek |
Aantal pagina's | 74 |
Levertijd | 0 werkdagen |
Auteur | Hjerre Gjerrits van der Veen |
Korte levensbeschrijving | Hjerre Gjerrits van der Veen (Grou 1816 - Moarmwâld 1887) wie skoalmaster te Dunegea en Driesum. Al yn syn Grouster tiid begûn er mei it skriuwen fan literêre teksten, en dêr is er ek al syn libben mei trochgien. Dochs kaam letter de sjoernalistyk op it foarste plak. Oer fan alles hat er syn ljocht skine linen. Syn literêre wurk kaam dêrby wol wat yn ’e knipe. De Kaartlizzer is it iennige dat der útkipt, in wurk dat syn tiid hûndert jier foarút wie. |
Verschijningsdatum | 2012-05-01 |
Specificaties
- Artikelnummer
- 978-90-8954-407-0
- EAN nummer
- 9789089544070
- Auteur
- Hjerre Gjerrits van der Veen