De keet fan Annawald (e-boek)
Opgroeie yn Annawâld is saai! Mar de keet bringt útkomst. In plak om te sitten, wat muzyk draaie, bierke derby, swetse en laitsje. It sintrum fan it frije libben fan in groep jongerein.
€ 7,50
Omschrijving
Opgroeie yn in plak as Annawâld is saai. Dea saai. Der is gjin snackbar, gjin kafee en gjin jeugdsoas. It ienige fertier foar adolesinten fynt plak op de lêste sneon fan ’e moanne. Dan is der in diskoteek of spilet der in bandsje yn it doarpshús. As Halbe op it idee komt om de ôfdankte karavan fan syn âlden as keet yn te rjochtsjen fynt er dan ek in protte byfal by syn leeftydsgenoaten. Se rjochtsje it mei-inoar yn en ha tenei in plak dêr’t se sitte kinne, wat muzyk draaie, bierke derby, swetse en laitsje. It wurdt it sintrum fan har frije libben.
Smout en smeuiïch fertelt Freddy Scheltema wat der sa foar en nei yn de keet bart. Mei humor, flotte dialogen, mar ek each foar tragyk. Yn syn debútroman De reüny hat er al sjen litten dat er fertelle kin. Yn syn twadde, like tagonklike boek, bout er dat talint fierder út.
Formaat | e-book |
Aantal pagina's | 100 |
Levertijd | 0 werkdagen |
Auteur | Freddy Scheltema |
Korte levensbeschrijving | Freddy Scheltema is hikke en tein yn it greidedoarp Easterein. Hy is in bern fan de jierren sechstich. Wie dwers en rekalsitrant yn syn jonge jierren; hy waard fan twa skoallen stjoerd. Dêrnei hie hy in soad ambachten en krekt safolle ûngelokken. Hy wie boarder by de NAM, wie barkeeper, tsiismakker, rioalgraver en wurke op in sosjale wurkpleats. |
Verschijningsdatum | 2014-02-12 00:00:00 |
Specificaties
- Artikelnummer
- 978-90-8954-602-9
- EAN nummer
- 9789089546029
- Auteur
- Freddy Scheltema