De ljedder
Afbeelding van De ljedder
Afbeelding van De ljedder

De ljedder

'De ljedder' wie yn 2002 it ferrassende romandebút fan Tiemersma. Net it eigentlike ferhaal, mar it dekôr dêromhinne soarget derfoar dat dit boek boppe himsels útstiicht: hoe’t de jonge Jacob Nauta fan syn njoggende oant alfde jier de wrâld om him hinne waarnimt en belibbet

€ 22,50



    Omschrijving

    Job Wassermann bedarret yn 1942 as Joadske ûnderdûker op de pleats fan de famylje Nauta, fuort ûnder Frjentsjer. Jacob, de alvejierrige haadpersoan fan De ljedder, jout him as er âld is rekkenskip fan wat der yn de oarloch op de pleats foarfallen is, en fan it skuldgefoel dêr’t er altyd mei omrûn hat. Stikje by bytsje wurdt it ferhaal fan Job útraffele, mar der bliuwe riedsels. Dêrtuskentroch spylje Jacob syn oantinkens oan syn jongesjierren op de pleats en syn yntrede yn de wrâld fan de folwoeksenen. It boek is opset as in fernimstige literêre konstruksje dy’t foarm jout oan it lêste earbetoan dat Jacob oan Job bringt. De ljedder wie yn 2002 it ferrassende romandebút fan Tiemersma. It boek waard bekroand mei de Rink van der Veldepriis fan de gemeente Smellingerlân.

    Dizze fjirde printing is de werútjefte fan de earste printing út 2002.

    Net it eigentlike ferhaal dus, mar it dekôr dêromhinne soarget derfoar dat dit boek boppe himsels útstiicht: hoe’t de jonge Jacob Nauta fan syn njoggende oant alfde jier de wrâld om him hinne waarnimt en belibbet. It binne dy passaazjes dy’t rinne as in trein en dy’t je ynnimme foar de minsken yn it boek, mei al har lekken en brekken.

    Sjoerd Bottema yn De Moanne

    [Yn ús petear oer it boek] fleane fergelikingen oer tafel: Isabel Allende, it jonkje út de Reade Bwarre, it jonkje út Piksjitte, Günter Grass. Fertellers.

    Elske Schotanus yn Kistwurk

    Formaat140x210 mm
    Aantal pagina's360 pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurKoos Tiemersma
    Korte levensbeschrijving

    Koos Tiemersma (1952) wie njonken syn wurk as skoalmaster warber op it mêd fan de muzyk, benammen as tekstskriuwer en sjonger. Doe’t syn band Skift ophold fan bestean lei er him út op it skriuwen fan proaza, en mei sukses. Yn 2000 wûn er in Rely Jorritsmapriis en dêrnei folgen fjouwer romans en in boekewikegeskink. Yn 2010 hâlde er ynearsten op mei skriuwen.

    Verschijningsdatum2010-04-09

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-193-2
    EAN nummer
    9789089541932
    Auteur
    Koos Tiemersma