De reuzen wurde wekker e-boek
Afbeelding van De reuzen wurde wekker e-boek
Afbeelding van De reuzen wurde wekker e-boek

De reuzen wurde wekker e-boek

De skiednis fan de Ierde en de minske is neffens Akky van der Veer hiel oars gien as ús altyd foarholden is en yn dit boek fertelt se oer har syktocht nei it antwurd op algemien minskike fragen oer bestean en ûntstean

€ 7,50



    Omschrijving

    Yn dit boek besiket Akky van der Veer (1943) al ûndersykjende- en skriuwendewei antwurd te finen op algemien minsklike fragen lykas: Wêrta binne wy op Ierde? Wêrom is der safolle gaos en lijen yn dizze wrâld? Wat kinne wy der meielkoar ta bydrage om de needsaaklike balâns tusken ljocht en tsjuster, tusken goed en kwea, werom te krijen?
    Net troch de kop yn it sân te stekken, is har stelling. Mar troch moedich te wêzen en de fiergeande manipulaasjes fan de PTB (Powers That Be), dêr’t wy yn finzen sitte, ûnder eagen te sjen en reewillich te wêzen dêr wat tsjin te dwaan. ‘Allinne as wy wekker wurde út in al tûzenen jierren duorjende sliep en einlings beseffe wa’t en wat wy fan oarsprong binne, kinne wy ússels wer befrije,’ skriuwt se yn it earste haadstik.
    Akky van der Veer wol mei De reuzen wurde wekker har nije ynsichten graach mei de lêzer diele. De skiednis fan de Ierde en de minske is neffens har hiel oars as ús altyd foarholden is. Dochs wol se mei klam sizze dat wat foar har ‘wier’ wurden is, dat foar oaren net sa hoecht te wêzen: ‘Elk minske hat rjocht op syn/har eigen wierheid.’
    Om har eigen syktocht te stypjen en foar de lêzer oannimlik te meitsjen, hat se achter yn dit boek safolle mooglik boarnen opneamd, yn de foarm fan ferwizings nei literatuer, websiden, fideo-ynterviews en Youtube-filmkes. Wa’t dat wol, kin dêrom sels ek op ûndersyk gean.

    De reuzen wurde wekker_Inkijk.pdf

    Formaat e-boek
    Aantal pagina's 245
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur Akky van der Veer
    Biografie

    Akky van der Veer (1943-2019) folge de oplieding foar ûnderwizeres en foar Frysk MÛ-A. In tal jierren stie se yn Snits foar de klasse. Se skreau boeken foar alle soarten lêzers. Har bekendste jongereinboek is Swart op wyt út 1985, dat ek by TDE ferskynd is. Oare boeken fan har binne Grutte wurden, Kuneara en yn 2013 Brieven oan ús mem.

    Verschijningsdatum 10-08-2017

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-977-8
    EAN nummer
    9789089549778
    Auteur
    Akky van der Veer