De sunde fan Haitze Holwerda (e-boek)
Afbeelding van De sunde fan Haitze Holwerda (e-boek)
Afbeelding van De sunde fan Haitze Holwerda (e-boek)

De sunde fan Haitze Holwerda (e-boek)

Van Houten syn iennichste roman spilet om 1900 hinne. Haitze Holwerda hat trije seizoensarbeiders fan It Bilt ynhierd foar de ûngetiid. Geandewei ûntjout him in machtsstriid, dêr’t de boer slach op slach yn ferliest

€ 6,-



    Omschrijving

    Dit boek spilet om 1900 hinne. Haitze Holwerda hat trije seizoensarbeiders fan It Bilt ynhierd foar de ûngetiid. It akkordearret net tusken harren. Holwerda fynt de mannen te mûlryp en te selsbewust. Geandewei ûntjout him in machtsstriid, dêr’t de boer slach op slach yn ferliest. As it wurk earder dien is as foarsjoen jout er de Bilkerts dien, tsjin de ôfspraken yn. It konflikt rint heech op. By einsluten moat de greidboer belies jaan en komt er ta ynkear. Hy docht net allinne de arbeiders rjocht, mar fersoenet him ek mei syn God.

    Van Houten syn iennichste roman is in begryp yn de Fryske literatuer. It boek ferskynde foar it earst yn 1938 en belibbe in tsiende druk yn 1991. Dizze alfte printing is de werútjefte fan de njoggende printing út 1983.

    As men sjen litte wol dat net elke roman oer it boerelibben in ‘boereroman’ yn de mispriizgjende sin fan it wurd hoecht te wêzen, kin men hast gjin better foarbyld neame as de ‘Sûnde’.
    Jan Wybenga yn de Leeuwarder Courant.

    Ik hie leaver hân dat Van Houten net in stumperige Haitze, mar in echte rotsak beskreaun hie, en dat er dy figuer net mei mylde humor, mar mei frettend sarkasme temjitte kommen wie. Doch, dat moat ik tajaan, ‘De sûnde’ is troch it begekjen fan dy konservative opfattingen maatskippijkritysker as alle boereromans fan it foaroarlochske tiidrek.
    Trinus Riemersma yn De Kul (omstavere)

    Formaate-boek
    Aantal pagina's124
    Levertijd0 werkdagen
    AuteurUlbe van Houten
    Korte levensbeschrijving

    Ulbe van Houten (1904-1974) wie syn libben lang skoalmaster yn Sint Anne. Hy hâlde fan It Bilt; syn jeugd lei yn Boksum. Hy is de skriuwer fan in beheind oeuvre. Yn 1955 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn twa dielen Hillige histoarje, in neifertelling fan de bibelferhalen foar jong en âld.

    Verschijningsdatum2012-04-16

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-384-4
    EAN nummer
    9789089543844
    Auteur
    Ulbe van Houten