Eksamenjier - e-boek
Menimmend boek oer jongfolwoeksenen dy’t op it punt steane it âldershûs te ferlitten en dêrta allinnich noch it eineksamen dwaan moatte
€ 6,50
Omschrijving
As Dario nei de grutte fakânsje op skoalle weromkomt liket alles by it âlde bleaun te wêzen. Mar is dat wol sa? Wêrom hinget Joyce sa oan Miklas. Is it omdat Dario yn Portugal bealgje moast foar syn heit, foar straf sûnder snoadfoan siet en gjin kontakt hawwe koe mei Joyce? Of is der wat oars? It wurdt der al net makliker op as Joyce en Dario yn de favorite hangout fan de eksamenkandidaten wurden krije en Miklas Joyce nei hûs bringt. En dan geane de heit en mem fan Dario ek noch ris útinoar. Mar neat is wat it liket, want by einsluten falt foar Dario alles te plak en blykt de trageedzje syn beslach op in oar plak te krijen.
Mei de roman Eksamenjierslacht de skriuwer in nij paad yn. Hy hat in boek skreaun dat oanslút by de belibbing fan jongfolwoeksenen dy’t op it punt steane it âldershûs te ferlitten en dêrta allinnich noch it eineksamen dwaan moatte. Yn it lêste skoaljier moatte se noch hiel wat ferduorje. Dingen dy’t se in jier letter fan in ôfstân skodholjend besjen kinne, batse der dan namste hurder yn. Yn dit boek lit de skriuwer sjen dat ek de jongfolwoeksene beskikke moat oer in protte fearkrêft om troch it libben hinne te bûkeljen. De measten slagget dat, in inkeling moat belies jaan.
Formaat | eboek |
Aantal pagina's | 130 |
Levertijd | 0 werkdagen |
Auteur | Sjieuwe Borger |
Biografie | Sjieuwe Borger is net berne yn Fryslân, mar syn memmetaal is al Frysk. Syn debút Modesta ferskynde ein jierren ’90 as feuilleton yn it underground tiidskrift Blauwe Fedde. Hy skreau it mei syn freon Dikky van der Veen, dy’t begjin 2015 stoar. |
Verschijningsdatum | 26-10-2015 |
Specificaties
- Artikelnummer
- 978-90-8954-785-9
- EAN nummer
- 9789089547859
- Auteur
- Sjieuwe Borger