Fabryk (e-boek)
Der is gjin Frysk boek dat sa’n lange en sa’n fûle diskusje losmakke hat as Fabryk (1964). Dêrby gong it de meast útsprutsen foar- en tsjinstanners úteinlik beide om it oansjen fan de Fryske literatuer
€ 6,50
Omschrijving
Der is gjin Frysk boek dat sa’n lange en sa’n fûle diskusje losmakke hat as Fabryk (1964). Dêrby gong it de meast útsprutsen foar- en tsjinstanners úteinlik beide om it oansjen fan de Fryske literatuer. Ien fan de opfallendste eleminten yn Fabryk is it idee fan de ik-figuer om in died te stellen om dêrmei de oerflakkich tinkende oaren de eagen te iepenjen. Dat wurdt foar de Fryske Raskolnikow in obsesje, dêr’t er yn fertiist en yn neare wanen en dreamen geastlik oan kapot giet. It boek makket as gehiel in ambivalinte yndruk. Oan de iene kant is it leadswier, mar oan de oare krijt it faak krekt dêrtroch wat komysk. Boppedat kinne sênes mei stereotype ideeën ek lêzen wurde as uteringen fan de skriuwer syn nocht oan ûnnocht. Men wit wat dat oangiet net gau wêr’t men mei him oan ta is.
Formaat | e-boek |
Aantal pagina's | 143 |
Levertijd | 0 werkdagen |
Auteur | Trinus Riemersma |
Korte levensbeschrijving | Trinus Riemersma (1938) wurke nei syn oplieding in skoft as skoalmaster. Dêrnei folge er in rige stúdzjes Fryske taal en letterkunde wat late ta in dissertaasje yn 1984. Hy hat in libben lang skreaun en wurdt sjoen as ien fan de wichtichste Fryske auteurs fan de lêste fyftich jier. |
Verschijningsdatum | 2012-05-01 |
Specificaties
- Artikelnummer
- 978-90-8954-711-8
- EAN nummer
- 9789089547118
- Auteur
- Trinus Riemersma