Fier fan alle drokte
Klassiker Thomas Hardy oer in Ingelse plattelânskultuer dy’t yn syn tiid al hurd oan it ferdwinen wie yn it Frysk oerset troch Geart fan der Mear
€ 32,50
Omschrijving
Far from the madding crowd (1874) is it fjirde boek fan Thomas Hardy en it earste dat echt sukses hie. It boek spilet op it plattelân yn it súdwesten fan Ingelân, mei fiktive plak- en streeknammen. It is yn sekere sin in ‘boereroman’, mar dan wol heel oars as de Fryske boereromans fan foarhinne. It is ek in leafdesferhaal, dat, oars as yn bijgelyks in letter boek fan him dat ik yn it Frysk fertaald haw, Tess fan de D’Urbervilles, ‘goed’ ôfrint – mar dan binne der earst toch wol in pear skokkende dingen gebeurd. Wat nettsjinsteande dat toch opfalt is de luchtige humor, dy’t yn syn lettere, inktswarte boeken ûntbrekt.
De haadpersoanen binne Bathsheba Everdene en Gabriël Oak. Bathsheba wurdt daalk oan it begjin al foarsteld as in heel kreaze, mar tefolle mei harsels ynnommen jonge frou. De evenredige jonge skieppeboer Gabriël, dy’t har as earste as frou ha wol, wurdt ôfwiisd. Neidat hij letter al syn skiep troch in ûngelok kwyt rakke en fallyt gongen is, en Bathsheba de pleats fan har omke urven hat, treffe se inoar wer, mar dan yn de relaasje fan feint en bazinne. As Bathsheba yn in healwize opstiging in Falentynskaart oan har wat âldere buorman stjoert, de frijfeint Boldwood, bringt se sûnder it te bedoelen in proses op gong dat rare gefolgen krijt. Bathsheba, de ritige en wat oerflakkige bewûnderaarster fan in man syn bûtenkant, trout úteinlik mei de kreaze en sjarmante, mar leechhollige sersjant Troy.
Foardat Bathsheba en Gabriël elkoar lang om let ‘krije’, gebeure der op dat kalme plattelân nuvere dingen.
Bathsheba, yn sekere sin de feroarsaakster dêrfan, no einlings wat wiis wurden, en slim mei de sitewaasje ferlegen, kin dan net oars as om sels yn in prachtige en yn subtile taal beskreaune sêne Gabriël te freegjen om har man te wurden. Sa is de sirkel fan dit boek rûn.
Far from the madding crowd is út in rigel yn in ferneamd gedicht fan Thomas Gray út 1751, dat de rêst en evenredigens fan it plattelân beskriuwt; mar dy rêst en evenredigens binne yn dit boek mar skyn. Dy titel is dêrom frij iroanys. It boek, dat ferskillende kearen moai ferfilme is, hat yn it Frysk de titel krigen Fier fan alle drokte. It is in beskriuwing, seit Hardy sels, fan in Ingelse plattelânskultuer dy’t yn syn tiid al hurd oan it ferdwinen wie.
Formaat | 165x250x24 mm |
Aantal pagina's | 351 |
Levertijd | 2 werkdagen |
Auteur | Thomas Hardy, oersetter Geart fan der Mear |
Biografie | Geart fan der Mear (b. 1944 Toppenhuzen) studearre Ingelsk en Frysk yn Grins en wurke fan 1970 oant 2009 by it Ingelsk Ynstitút fan de Grinzer universiteit, mei in ûnderbrekking fan fiif jier (1985-1990) doe’t er oan dyselde universiteit by it Frysk Ynstitút wurke. Fan 1976 oant 1982 wie er ien fan de redakteuren fan Trotwaer. Yn 1985 promovearre er op in proefskrift oer de ‘brekking’ (bgl. beam-beammen) yn it Frysk. |
Verschijningsdatum | 28-06-2018 |
Specificaties
- Artikelnummer
- 978-94-6365-072-4
- EAN nummer
- 9789463650724
- Auteur
- Geart fan der Mear