Finzen tusken libben en dea
Fersen oer in tsjustere perioade yn it libben fan de dichteres, wêrby’t it stadichoan hieltyd ljochter wurdt
€ 14,50
Omschrijving
Stean ik foar de spegel
is it krekt as stoarret
in frjemd my oan.
Brûk ik myn stim
is it krekt as harkje
ik nei in oar.
Ik bin mysels en dochs ek net.
Jildou Elgersma bondelt yn dit boek fersen oer in swiere perioade yn har libben. De tiid dat it tsjuster en kâld wie en se gjin diel krije koe oan it libben om har hinne. Yn it begjin fan de bondel oerhearsket it tsjuster, mar geandewei wurdt it stadich wer ljocht.
Jildou jout har tinzen earlik en hiel dúdlik wer, soms mar mei inkele pinnestreken. Har bondel rekket je yn it hert, omdat se wurden fûn hat foar har fertriet en pine, mar ek foar de kleur, dy’t it libben stadich wer kriget.
Formaat | 145 x 210 mm |
Aantal pagina's | 79 pagina's |
Levertijd | 2 werkdagen |
Auteur | Jildou Elgersma |
Korte levensbeschrijving | Myn namme is Jildou Elgersma. Ik bin berne yn 1974 te Easterein gemeente Littenseradiel. Yn 2003 ha ik in kursus autobiografysk skriuwen folge ûnderlieding fan Akky fan der Veer. Dizze kursus wie in oanset om fierder te gean mei it ferwurdzjen fan persoanlike gefoelens. |
Verschijningsdatum | 2010-04-17 |
Specificaties
- Artikelnummer
- 978-90-8954-154-3
- EAN nummer
- 9789089541543
- Auteur
- Jildou Elgersma