Floaris en Blankefloar
Afbeelding van Floaris en Blankefloar
Afbeelding van Floaris en Blankefloar

Floaris en Blankefloar

In oersetting fan it middelnederlânske leafdesferhaal fan Floaris en Blankefloar. De twa jonge minsken binne fan in ferskillend leauwen, mar wiere leafde oerwint úteinlik

€ 17,50



    Omschrijving

    Dit is it leafdesferhaal fan Floaris en Blankefloar, de reade roas (it fjoer fan de leafde) en de wite leelje (de reine ûnskuld). It ferhaal fan de leafde tusken twa jonge minsken fan in ferskillend leauwen: Blankefloar is Kristinne, Floaris is fan moslim komôf. Troch alle tsjinwurking fan Floaris syn âlden hinne bliuwe Floaris en Blankefloar inoar trou en Floaris ûndernimt in nuodlike reis om syn leafste werom te krijen. Ek as hja inoar werfûn hawwe, is’t gefaar noch net geweken en stiet harren libben sels even op it spul. Lokkich beslacht alles goed oan ’e ein.

    Troch alle ieuwen hinne hawwe minsken niget hân oan de histoarje fan Floaris en Blankefloar. Mei dêrby de tsjinstelling kristlikheid-islam is it ferhaal yn dizze tiid ek noch wer tige aktueel.

    Klaas Bruinsma hat op treflike wize it middelnederlânske gedicht oerset yn flotrinnende, hjoeddeisk-Fryske fersrigels. In juwieltsje foar Fryslân en de Fryske bibleteek.

    Formaat125 x 200 mm
    Aantal pagina's144 pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    VertalerKlaas Bruinsma
    Korte levensbeschrijvingKlaas Bruinsma (* Easterein 1931) is al sûnt 1970 dwaande mei it oersetten yn it Frysk fan teksten út ferskate talen en krige twa kear de Obe Postmapriis. Bruinsma wurket út leafde foar de taal en út oertsjûging en idealisme foar Fryslân (syn eigen wurden).
    Verschijningsdatum2009-12-25

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-143-7
    EAN nummer
    9789089541437
    Auteur
    Klaas Bruinsma
    Vertaler
    Klaas Bruinsma