Frjemde fûgels
Afbeelding van Frjemde fûgels
Afbeelding van Frjemde fûgels

Frjemde fûgels

Flotte ferhalen fol selsspot en humor yn tsiende boek fan Jan Schokker

€ 18,50



    Omschrijving

    De ferbylding foarby. Oan ’e sleatkant fan syn tún stiet Jan Schokker agressyf beamtakken te snoeien. In grien fûgeltsje sprekt him dêrop oan. Dy hat net mis te fersteane krityk op Schokker syn rûge kealslach. Wat folget is in nijsgjirrich petear, net allinne oer de keunst fan it snoeien, mar ek oer mooglike ûnderwerpen foar kollums. Wat te tinken bygelyks fan Yogafûgels, Knooppuntdowen, Foarumûlen, Nêstbouwers en Seksy fûgels?

    As Schokker der foar sitten giet komt der yn syn habitat gewoan gjin ein oan ’e rige fan frjemde fûgels. Lang om let is it resultaat sa’n fyftich kollums, dy’t allegear publissearre binne yn ’e eardere internetkrante fan De Fryske Beweging, It Nijs.

    Nei sân boeken oer resjersjeur Ale Alema fan ’e Bontebok, in roman oer twillingbruorren en in boek oer syn eigen libben is dit it tsiende boek fan Jan Schokker. Ek dizze bondel kollums docht wer tsjûgen fan syn fermaaklike styl fol selsspot en droege humor.

    Formaat 145x210 mm
    Aantal pagina's 175
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur Jan Schokker
    Biografie

    Jan Schokker is yn 1952 berne yn Oranjewâld as helte fan in twilling. Nei in technysk begjin komt it kreative yn him boppe en fanôf syn fjouwerentweintichste wie hy selsstannige mei in eigen standbouw- en beletteringsbedriuw. Sûnt in tal jierren is hy mei pensjoen en hat er him noch wat mear talein op syn skilderkeunst. Skriuwen is fan jongs oan ôf in passy en nei in tal toanielstikken, revu’s, ferhalen, skreau er romans en ferhalen. Hy wennet yn Nijhoarne.

    Verschijningsdatum 01-04-2025

    Frjemdefugels_Inkijk.pdf

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-94-6365-745-7
    EAN nummer
    9789463657457
    Auteur
    Jan Schokker