Frozen moonlight yn myn hannen

Frozen moonlight yn myn hannen

Wurk fan de lêste fiif jier, meast yn it Frysk, mar ek yn it Nederlânsk en yn it Ingelsk: resinsjes, literatuerkritiken, polemiken, skôgingen, poëzy, anarkys (fisuele poëzy), analyzes en essays, primêre en sekundêre literatuer.

€ 27,50



    Omschrijving

    Yn in ynterview haw ik ris sein dat it meitsjen fan in keunstwurk - in roman yn myn gefal - foar my de legitimaasje foarmet fan myn bestean. Mei oare wurden, ik ûntlien myn identiteit foar in part oan myn literêre libben. Myn fundamintele wissichheid oer myn eigen plak en rol yn de wrâld – myn persoanlikheid sis mar – hat te krijen mei myn profesje as skriuwer.
    De persoanlikheid fan in minske hat ek altiten te krijen mei it ferline, mei dielen fan âlde foarmen dy’t noch tige weardefol binne, en foar in part bepale wat immen docht en tinkt, hoe’t er praat en eventueel skriuwt.
    Yn dat geheel is de memmetaal fan eminint belang – de taal dy’t de wrâld iepentearde, dêr’t de wrâld yn ûntdutsen waard. De memmetaal foarmet in wichtich diel fan de identiteit, fan de persoanlikheid – in ynstrumint dêr’t gefoel en wrâld mei beneamd wurde kinne. Ast gjin memmetaal hast – itselde jildt foar lju sûnder mem, heit of beide – misto in wêzentlik part fan dyn bestean.

    Dit boek befettet wurk fan de lêste fiif jier, meast yn it Frysk, mar ek yn it Nederlânsk en yn it Ingelsk: resinsjes, literatuerkritiken, polemiken, skôgingen, poëzy, anarkys (fisuele poëzy), analyzes en essays, primêre en sekundêre literatuer.
    Guon stikken binne earder ferskynd, û.o. yn literêre tydskriften, oaren binne nij. It boek befettet in nijsgjirrich stikje literatuerhistoarje en jout in oersjoch fan alle ferskillende soarten literatuer dy’t Josse de Haan beoefenet.
    It jout dêrmei in goed byld fan dy ferskillende literêre sjenres en lit sjen wat hy mei literatuer dwaan kin.

    Dit rijk geïllustreerde boek bevat werk van de laatste vijf jaar, hoofdzakelijk in het Fries, maar ook in het Nederlands en in het Engels: recensies, literatuurkritieken, polemieken, beschouwingen. Het geeft een goed beeld van de verschillende genres die Josse de Haan gebruikt en laat zien wat hij met literatuur kan doen.

    Formaat145x210
    Aantal pagina's300
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurJosse de Haan
    Korte levensbeschrijving
    Verschijningsdatum2013-09-03

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-537-4
    EAN nummer
    9789089545374
    Auteur
    Josse de Haan