Griene Simmer (e-boek)
Luc Franken, krekt op frije fuotten, besiket te ûntdekken wat der misgie, op de pleats oan de seedyk, mei syn broer, syn frou, yn de leafde, mei himsels
€ 12,50
Omschrijving
Luc Franken, krekt op frije fuotten kommen nei in ûnderstelde misdied, besiket syn libben op ’e nij stal te jaan. Dêrfoar moat er ôfrekkenje mei alles wat him foardien hat yn de jierren foar syn fêstsitten. In nije leafde mei in jonge studinte helpt him om yn de gaten te krijen wat der misgie, op de pleats, mei Lucs broer en syn frou, yn de leafde, en foaral mei Luc sels. Twivel tsjinoer trochpakken, skuld en boete, wierheid boppe werklikheid, winners en ferliezers. Dit alles yn in dekor fan iensumens, stilte en soms treastjaande natuer oan de seedyk yn it noardwesten fan Fryslân.
Formaat | e-boek |
Aantal pagina's | 114 pagina's |
Levertijd | 0 werkdagen |
Auteur | Bart Kingma |
Korte levensbeschrijving | Bart Kingma waard yn 1970 berne yn Wommels. It grutste part fan syn jeugd brocht er troch yn Kollum. Nei syn hbo-stúdzje Journalistyk yn Zwolle wurke er by ferskate media yn Noard-Nederlân, as journalist, senarioskriuwer en regisseur. Sûnt 2000 makket er skoaltelevyzjeprogramma’s by Omrop Fryslân. De televyzjesearje ‘11&30, de Kanon fan de Fryske Skiednis’ is troch hem opsetten, skreaun en regissearre, lykas oare programma’s foar basisskoallen en fuortset ûnderwiis. Dêrneist docht er skriuwwurk, ûnder oaren lietteksten. Syn oersettings fan lieten fan Leonard Cohen waarden troch ferskate Fryske artysten útfierd en rûnom yn it lân goed ontfongen. Bart Kingma wennet mei frou en trije bern yn Rie. Griene Simmer is syn debútroman. |
Verschijningsdatum | 2010-11-22 |
Specificaties
- Artikelnummer
- 978-90-8954-247-2
- EAN nummer
- 9789089542472
- Auteur
- Bart Kingma