Hauk en Hazze (e-boek)
Afbeelding van Hauk en Hazze (e-boek)
Afbeelding van Hauk en Hazze (e-boek)

Hauk en Hazze (e-boek)

In man fan hast fjirtich giet út Amsterdam werom nei Fryslân en set him nei wenjen op in pleatske oan de Sleattemermar

€ 6,-



    Omschrijving

    In man fan hast fjirtich giet út Amsterdam werom nei Fryslân en set him nei wenjen op in pleatske oan de Sleattemermar. Hy wit eins net wat er wol. Hy skriuwt brieven oan froulju, oan Groesjenka foaral, in Russyske dy’t er yn Ruslân moete hat. En dêr is Geke, it buorfamke fan tolve mei wa’t er in soad oplûkt en it boek De vlucht van de havik lêst. As Groesjenka, dy’t twa jier neat fan har hearre litten hat, nei Nederlân komt, lit Geke har net mear sjen. Mar wol fine Groesjenka en de man hieltyd deade fûgels op it hiem. Hy hat wol in fermoeden fan wa’t dy ôfkomstich binne.
    It boek waard yn 1996 bekroand mei de Fedde Schurerpriis, de debútpriis fan de Provinsje.
    Dit boek is de werútjefte fan de earste printing út 1993.

    Berga is erin geslaagd een gave novelle te schrijven, vol ingehouden spanning, over een volkomen natuurlijke vriendschap tussen een man en een meisje.
    Jelle van der Meulen op syn Friese Literatuursite

    Hauk en hazze is in libbenswaarm ferhaal, ynhâlden skreaun, sûnder sentimintele effekten en prachtich fan sfear.
    Piter Terpstra yn De Strikel

    Yn syn jonge jierren kriget de haadpersoan fan Hauk en hazze te hearren dat er earst mar immen wêze moat as er meiprate wol. Immen – en dus net nimmen – wêze, sa soe it tema fan Berga syn nijste literêr produkt omskreaun wurde kinne.
    Jelle Krol yn de Leeuwarder Courant

    Formaate-boek
    Aantal pagina's73
    Levertijd0 werkdagen
    AuteurWilco Berga
    Korte levensbeschrijving

    Wilco Berga (1947) is in alsidich keunstner. Hy folge de Academie Minerva yn Grins en rjochte him dêrnei earst op skilderjen. Pas yn de jierren tachtich begûn er ek te skriuwen: toaniel, poëzij en romans. Ferbûnens mei it Fryske lân en lânskip oan de iene kant en opstannigens, ûnrêst en sucht nei avontoer oan de oare kant binne konstanten yn syn wurk.

    Verschijningsdatum2012-05-03

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-437-7
    EAN nummer
    9789089544377
    Auteur
    Wilco Berga