Hessel Ypma (e-boek)
Afbeelding van Hessel Ypma (e-boek)
Afbeelding van Hessel Ypma (e-boek)

Hessel Ypma (e-boek)

Boereroman oer de fûle, deune gjirremiet Hessel Yma dy’t slachtoffers makket yn syn striid om safolle mooglik jild yn te klauwen

€ 7,-



    Omschrijving

    Haadpersoan Hessel Ypma is net in sympatyk personaazje. Hy is stoef en swijsum, in rêsteleaze wrotter en wramer, en tagelyk in grutte ynklauwer, want jild is foar him it iennichste dat telt. Hessel makket slachtoffers en dy lit Akkerman syn lêzers sjen. Mar Hessel sels feroaret gjin sprút. It ferhaal spilet him ôf yn in wrâld dy’t net mear bestiet. Mar de Hessel Ypma’s binne fan alle tiden: fûle, deune gjirremiten mei wa’t jo eins begrutsjen hawwe moatte.
    Paulus Akkerman skreau Hessel Ypma yn it lêste oarlochsjier. De roman stiet yn de tradysje fan de Fryske ‘boereroman’. It boek ferskynde foar it earst yn 1949 yn de Fryske Bibleteek. Dizze fjirde printing is in werútjefte fan de tredde út 1993 yn de rige ‘Fryske Klassiken i’, mei in neiwurd fan Tineke Steenmeijer-Wielenga.

    De iennichste fraach dy’t Hessel Ypma ús stelle kin is: Hat it noch sin om op dizze wize fierder te breidzjen oan de stikken fan in te lette Frysk realistyske hoas, fierder te woekerjen mei de talinten dy’t út fean, klaai en terpmodder dold wurde? Ik leau fan net. Akkerman is in knap prozaïst op in te smel front. Hessel Ypma bewiist it fannijs.
    Anne Wadman yn De Tsjerne yn 1949

    De ynhâlden manier wêrop’t syn personaazjes prate, litte jin hiele wrâlden fan emoasjes riede. Mar dy manier fan fertellen typearret it hiele proaza fan Akkerman. Fral syn Frysk en net sasear de roman Hessel Ypma mei om dy reden neffens my dan ek ‘klassyk’ hjitte.
    Jelle Krol yn de Leeuwarder Courant yn 1993

    Formaate-boek
    Aantal pagina's197
    Levertijd0 werkdagen
    AuteurPaulus Akkerman
    Korte levensbeschrijving

    Paulus Akkerman (1908 - 1982) groeide op yn in ienfâldich, grifformeard middenstânsmiljeu en wie bakker yn Marrum en kassier fan in bank op Skiermûntseach. Hy wie in tige populêre folksskriuwer en publisearre sa’n tweintich romans en hûnderten sketsen, kursyfkes en koarte ferhalen. Yn 1971 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn roman It roer út hannen en de beide bondels kursyfkes Foar de lins en Dat sadwaende.

    Verschijningsdatum2012-05-03

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-370-7
    EAN nummer
    9789089543707
    Auteur
    Paulus Akkerman