In bolle yn e reak
Afbeelding van In bolle yn e reak
Afbeelding van In bolle yn e reak

In bolle yn e reak

Yn it Fryske greiddoarp Flokswert, yn ’e jierren justjes foar, tidens en krekt nei de Twadde Wrâldoarloch, binne trije personaazjes oan inoar ferbûn troch frjemde triedden fan tagedienens, skuldgefoel en ûnwissens

€ 16,95



    Omschrijving

    Plak fan hanneling: it Fryske greiddoarp Flokswert yn ’e jierren justjes foar, tidens en krekt nei de Twadde Wrâldoarloch. Haadpersonaazjes: Bouke Martensma, in handikapte skriuwer, Minke Wiuwerda, eigensinnige dochter fan in slachter-lânferrieder en doarpsdokter Jos Degreve, op wa’t de titel betrekking hat. Dy trije binne lotgenoaten, oan inoar ferbûn troch frjemde triedden fan tagedienens, skuldgefoel en ûnwissens. Foar elk fan har jout dat komplikaasjes en hat it konsekwinsjes. Op ’e eftergrûn spilet de doarpsmienskip mei syn godstsjinstige en maatskiplike tsjinstellingen, mei ferset en ferried, mei al syn nuverichheden en syn sjarmes. In kronyk fan minsklike lytsens soe men dit relaas neame kinne, teboeksteld troch Martensma. Mar neat is sa lyts of der skimeret út en troch ris in glimp fan wat grutters trochhinne.

    Dizze tredde printing is in werútjefte fan de earste printing út 1986.

    Lês it boek, soe ik sizze wolle, keapje it en jou it ek de jongerein yn hannen. Net iens om’t se dêr goed Frysk yn oantreffe, mar om’t it in sjenwize jout op it ferline en op minsklike ferhâldingen yn it algemien. Wadman toant him mei dit boek in betûfte romancier, in fakman.

    Jo Smit yn Frysk en Frij

    De tsjinstelling goed/fout wurdt troch Wadman yn dit boek gâns relativearre, al bliuwt it nazy-wêzen in kwestje fan dommens, sleauwens en oerflakkichheid.

    Steven H.P. de Jong yn Ta in hichte of De balke yn eigen each

    https://app.afosto.com/product/164675#

    Formaat125x200 mm
    Aantal pagina's155 pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurAnne Wadman
    Korte levensbeschrijving

    Anne Wadman (1919-1997) joech al ier bliken fan syn niget oan muzyk, literatuer en it Frysk. Hy studearre Nederlânsk oan ’e Universiteit fan Amsterdam en wurke lange tiid by it ûnderwiis. Hy waard ien fan de meast produktive Fryske skriuwers en kritisy. Twa kear krige er de Gysbert Japicxpriis, yn 1952 en 1989. Hy seach himsels lykwols net as in suksesfol skriuwer. Joke Corporaal socht út hoe’t dat kaam yn in stúdzje oer syn libben oant 1963, mei as titel Grimmig eerlijk, ferskynd yn 2009.

    Verschijningsdatum2010-04-09

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-197-0
    EAN nummer
    9789089541970
    Auteur
    Anne Wadman