It djippe wêzen fan de Friezen om utens
Kleurryk en nijsgjirrich jubileumboek ta gelegenheid fan it 100-jierrich bestean fan it Frysk Boun om utens
€ 22,50
Omschrijving
Wat is it grutte geheim dat It Frysk Boun om Utens al 100 jier bestiet? Wat is it djippe wêzen fan ús Fryske kriten? Wat spilet him ôf yn it djipst fan de siel fan de Fries om utens? It is, dat yn ’e frjemdte de Fryske identiteit fersterke wurdt. Dat is de essinsje. Dat is de kearn.
Yn dit jubileumboek giet Hâns Dijk de romrofte skiednis fan de Friezen en It Frysk Boun om Utens bylâns. In feest fan werkenning, mei histoaryske foto’s en nijsgjirrichheden. It is ek in oade oan al dy wrotters dy’t soarge hawwe dat de hûndert jier helle is.
ItdjippewezenfandeFriezenomutens_Inkijk.pdf
Formaat | 190x190 mm |
Aantal pagina's | 141 |
Levertijd | 2 werkdagen |
Auteur | Hâns Dijk |
Biografie | Hâns Dijk is al jierren foarsitter fan de Fryske krite yn Boadegraven en spile mei yn de toanielploech fan de krite. Hy joech Fryske les oan de Folksuniversiteit yn syn wenplak. Fan 2000 oant 2017 wie hy foarsitter fan It Frysk Boun om Utens en wie ôffeardige nei de Ried fan de Fryske Beweging. By syn ôfskie waard hy beneamd ta earelid fan It Frysk Boun om Utens. Fanwegen syn fertsjinsten foar de Fryske taal en kultuer waard hy beneamd ta lid fan de Fryske Akademy. Hâns Dijk krige it Alvestêdetocht-brevet útrikt. Twa kear foltôge hy de tocht op redens, ien kear kuierjend en 27 kear op 'e fyts. Hy wie yn syn wenplak aktyf yn it ferieningslibben, lid fan de gemeenteried en waard beneamd ta Ridder yn 'e Oarder fan Oranje-Nassau. |
Verschijningsdatum | 16-09-2023 |
Specificaties
- Artikelnummer
- 978-94-6365-562-0
- EAN nummer
- 9789463655620
- Auteur
- Hâns Dijk