It Freark Jabiks Folk (e-boek)
Dit boek fertelt it ferhaal fan de bern en oantroude bern fan Freark Jabiks, in laach fan skippers en winkellju. Hiel gewoane minsken, wrotters en wramers, dy’t dreame fan in better bestean
€ 6,50
Omschrijving
Dit boek fertelt it ferhaal fan de bern en oantroude bern fan Freark Jabiks, in laach fan skippers en winkellju. Hiel gewoane minsken, wrotters en wramers, dy’t dreame fan in better bestean. Frearkje, de âldste dochter, offeret har hiele libben op, earst foar heit en dan foar har jongste broer Teade. Mei him fart se jierrenlang op de âlde snikke. Ek stiet se noed foar Durkje, de jongste dochter. Hja is troud mei arbeider Auke dy’t dreamt fan in eigen spultsje en hieltyd jild fan oaren nedich hat.
Paulus Akkerman skreau dizze roman yn de oarlochsjierren, earst as fúljeton foar it tydskrift Yn ús eigen tael.
Utjouwer Brandenburgh fan Snits publisearre it yn 1946 yn boekfoarm.
Dit boek is de werútjefte fan de tredde printing út 1994. It neiwurd is fan T. Steenmeijer-Wielenga.
Akkerman syn boek jout in staal fan ûndjip Frysk realisme, mar dat mei leafde en tagedienens de fynste brokjes fan it libben bepluzet...
Anne Wadman yn de Tsjerne
Troch de kostlike taal sjocht men hieltyd it glimkjen fan de skriuwer.
Jelle Krol yn de Leeuwarder Courant
Paulus Akkerman wit syn persoanen ta libben te bringen en se prachtich te karakterisearjen.
Jan Jongsma yn it Friesch Dagblad
Formaat | e-boek |
Aantal pagina's | 177 |
Levertijd | 0 werkdagen |
Auteur | Paulus Akkerman |
Korte levensbeschrijving | Paulus Akkerman (1908 - 1982) groeide op yn in ienfâldich, grifformeard middenstânsmiljeu en wie bakker yn Marrum en kassier fan in bank op Skiermûntseach. Hy wie in tige populêre folksskriuwer en publisearre sa’n tweintich romans en hûnderten sketsen, kursyfkes en koarte ferhalen. Yn 1971 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn roman It roer út hannen en de beide bondels kursyfkes Foar de lins en Dat sadwaende. |
Verschijningsdatum | 2012-05-03 |
Specificaties
- Artikelnummer
- 978-90-8954-371-4
- EAN nummer
- 9789089543714
- Auteur
- Paulus Akkerman