It geheim fan Lord Jim
It boek It geheim fan Lord Jim is de spannende en skerpsinnige analyze fan hoe’t Jim besiket om te gean mei it ferskriklike ferlies fan syn eargefoel
€ 29,95
Omschrijving
Stel, jo binne (noch mar sa’n 23-24 jier âld) earste stjurman oan board fan in rustich âld stoomboat op de Indise Oseaan op wei nei Mekka, mei 800 pelgrims oan board. Underweis stjit dat skip midden yn de nacht lek troch in oanfaring mei in ûnder wetter driuwend heal-sonken wrak en der ûntstiet in gat oan de foarkant. It foarste kompartimint rint fol wetter en it wettertichte skud, ek al ien en al rust, bûcht gefaarlik troch. De bemanning beseft dat it skip elk momint sinke kin, dat der yn de rêdingssloepen mar plak is foar sa’n 300 minsken, en dat der toch al gjin tiid wêze sil om dy krapoan 300 minsken yn de sloepen te krijen. Se binne ek bang dat der dan ferskriklike fjuchtpartijen ûntstean sille.
Fjouwer fan de fiif blanke bemanningsleden wolle stikem yn ien fan de sloepen útnaaie sûnder de pelgrims wekker te meitsjen. De fyfde, Jim, wol earst net, want dat is tsjin alle regels fan de skipfeart en wat de beskaafde wrâld fan in bemanning ferwachtet. Mar as de sloep mei de oaren al nêst it skip leit, en der ek noch in swiere tropise buoi driget, springt er toch. Suver sûnder it sels te wollen of te beseffen. Dy sprong bepaalt it fierdere ferrin fan syn libben. Want letter docht bliken dat dat skip, de Patna, wûnder boppe wûnder net sonken is, mar troch in Frânse kanûnearboat fûn en achterstefoaren nei Aden sleept is. Jim is de iennige dy’t yn it besef fan syn fout de rjuchtsaak bijwenje wol. Hij ferliest úteinlik net inkeld syn stjurmansdiploma, mar folle slimmer noch: syn eargefoel. Hij hat fersomme te dwaan wat de mienskip fan him ferwachte.
It boek It geheim fan Lord Jim is de spannende en skerpsinnige analyze fan hoe’t Jim besiket om te gean mei dat foar him ferskriklike ferlies fan syn eargefoel. En hoe’t er letter, as er fynt dat er de ferwachting fan de mienskip wér beskamme hat, der net foar weromskrillet om de uterste konsekwinsje te akseptearen.
Lord Jim is yn 1965 ferfilme troch Richard Brooks, mei yn de haadrol Peter O’Toole.
It geheim fan Lord Jim_Inkijk.pdf
Formaat | 165x240x21 mm |
Aantal pagina's | 314 |
Levertijd | 2 werkdagen |
Auteur/Oersetter | Joseph Conrad / Geart fan der Mear |
Biografie | Joseph Conrad (1857-1924) kaam te wrâld as Józef Teodor Konrad Korzeniowski yn wat hjoed-de-dei Oekraïne is (Poalen bestie doe net as ûnôfhinklik lân). Op syn sechtjinde gong de jonge Conrad nei Marseille, min ofte mear yn ballingskip, en hij meunstere dêr oan as matroas. Sa’n fiif jier letter stapte er oer nei de Ingelse keapfardij, dêr’t er it úteinlik ta kaptein brocht. Geart fan der Mear (b. 1944 Toppenhuzen) studearre Ingelsk en Frysk yn Grins en wurke fan 1970 oant 2009 by it Ingelsk Ynstitút fan de Grinzer universiteit, mei in ûnderbrekking fan fiif jier (1985-1990) doe’t er oan dyselde universiteit by it Frysk Ynstitút wurke. Fan 1976 oant 1982 wie er ien fan de redakteuren fan Trotwaer. Yn 1985 promovearre er op in proefskrift oer de ‘brekking’ (bgl. beam-beammen) yn it Frysk. |
Verschijningsdatum | 21-08-2017 |
Specificaties
- Artikelnummer
- 978-90-8954-979-2
- EAN nummer
- 9789089549792
- Auteur
- Geart fan der Mear