It Libben fan de Hillige Martinus e-boek
Afbeelding van It Libben fan de Hillige Martinus e-boek
Afbeelding van It Libben fan de Hillige Martinus e-boek

It Libben fan de Hillige Martinus e-boek

Oersetting fan Venantius Fortunatus’ Latynske wurk De vita Sancti Martini

€ 8,50



    Omschrijving

    It Libben fan Sint Martinus, de oersetting fan Venantius Fortunatus’ Latynske wurk De vita Sancti Martini, is it lêste wurk fan Klaas Bruinsma, dat no postúm útjûn wurdt. Om’t it wurk net alhiel folslein wie, is it dien makke en bewurke troch drs. Joop Zeinstra, âld-learaar klassike talen oan it Stedelijk Gymnasium yn Ljouwert.

    Venantius Fortunatus wie in let-kristlik dichter út de 6e iuw, ien fan de belangrykste dichters út de Merovingyske tiid (betide midsiuwen).

    Sint Martinus is hjoed de dei ferneamd om syn goedens en syn ienfâldige libbenswize. Wat net sa bekend is, is dat hy tidens syn libben in tige goed kristlik en tsjerklik lieder wie, dy’t yn de midsiuwen fereard waard as in heilân.

    Mannich tsjerke, ek yn Fryslân, is oan him wijd. En sels no noch binne wy ûnder syn ‘tsjoen’ as wy op 11 novimber it Sinte-Martensfeest fiere.

    ebook_it_libben_fan_de_hillige_martinus_ink.epub

    Formaat e-boek
    Aantal pagina's 90
    Levertijd nvt
    Auteur Venantius Fortunatus / Klaas Bruinsma, Joop Zeinstra
    Biografie

    De oersetter Klaas Bruinsma (* Easterein 1931 - † Drachten 2018) wie al sûnt 1970 dwaande mei it oersetten yn it Frysk fan teksten út ferskate talen en krige twa kear de Obe Postmapriis. Bruinsma wurke út leafde foar de taal en út oertsjûging en idealisme foar Fryslân (syn eigen wurden).

    Joop Zeinstra is âld-learaar klassike talen oan it Stedelijk Gymnasium yn Ljouwert.

    Verschijningsdatum 20-07-2021

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-94-6365-357-2
    EAN nummer
    9789463653572
    Auteur
    Klaas Bruinsma
    Tweede auteur
    Joop Zeinstra