Kening fan de cross
Afbeelding van Kening fan de cross
Afbeelding van Kening fan de cross

Kening fan de cross

Oansprekkend jongereinboek fol aksje en humor oer Frysk kampioenskip Autocross

€ 9,95



    Omschrijving

    Sven en Isabel binne net allinne in setsje mar ek konkurrinten. Beide stride se om de titel yn it Frysk Kampioenskip Junior Autocross. Sven liket favoryt: hy hat it bêste materiaal en wurdt advisearre troch syn fanatike heit. Isabel is tûk en yntelligint en kriget help fan Frankie 'Vega' en har monteur Geart. De spanningen tusken Sven en Isabel rinne heech op. Wa wurdt kampioen? Wat ha se der foaroer om te winnen? En hat harren freonskip hjir ûnder te lijen?

    Kening fan de Cross is in boek fol aksje en humor.

    Keningfandecross_inkijk.pdf

    Formaat 140x215 mm
    Aantal pagina's 56
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur Freddie Scheltema
    Biografie

    Freddie Scheltema is hikke en tein yn it greiddoarp Easterein. Hy is in bern fan de jierren sechstich. Wie dwers en rekalsitrant yn syn jonge jierren; hy waard fan twa skoallen stjoerd. Dêrnei hie hy in soad ambachten en krekt safolle ûngelokken. Hy wie boarder by de NAM, wie barkeeper, tsiismakker, rioalgraver en wurke op in sosjale wurkpleats. Hy is no amtner.

    Ein jierren santich begûn hy de band ‘First Day’, en hie dêrmei regionaal wat sukses. Mei de band ‘Common Brain’ brocht hy syn earste CD út: ‘Sounds like bagger’. Mei alle popmuzikanten fan syn bertedoarp makke hy de CD ‘Easterein United’. Yn dizze ieu makke hy de CD ‘Fjoer en Wetter’. Dêrnei skreau er muzyk foar kabaret en revu.

    Yn 2011 ferskynde syn earste roman, De reuny, oer opkomst en ûndergong fan in doarpsband út Fryslân. Yn 2012 ferskynde it jongereinboek De keet fan Annawâld, in humoristysk boek oer it frije libben fan in groep jongerein. Dit boek waard nominearre foar de Rink van der Veldepriis. Syn ûnderfinings yn syn wurk yn de finzenis beskreau er yn Tralies, verhalen van een gevangenbewaarder, útkommen yn 2014.

    Yn 2018 ferskynde de roman De negen dagen van Dirk Jan Denekamp, in boeiende roman oer de njoggen belanmgrykste dagen in it libben fan de haadpersoan. Dizze 4 boeken kamen út by útjouwerij Elikser. Yn 2021 ferskynde by útjouwerij Bormneer It Frysk is dea en oare fleurige ferhalen, in samling gedichten en koarte ferhalen.

    Freddie Scheltema hat en bydragen levere oan de ferhalebondels In bus fol ferhalen en de jongerenbondel Dy iene foto.

    Verschijningsdatum 11-01-2023

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-94-6365-482-1
    EAN nummer
    9789463654821
    Auteur
    Freddie Scheltema