Livia’s romtedream
Prachtich printeboek oer in famke dat dreamt dat se troch de kosmos fleant en dingen ûntdekt dy’t noch nimmen wit
€ 19,50
Omschrijving
Livia oefenet har sprekbeurt oer it universum. Op ynternet fynt se feiten genôch, mar echt boeiend binne dy net. It moat einliks oer bûtenierdske wêzens gean, tinkt Livia, dan sil de klasse séker goed lústerje!
Dy nachts dreamt se dat se troch de kosmos fljocht. Se ûntdekt dingen dy’t noch gjinien wit. Op skoalle fertelt Livia hoe’t je yn de romte reizgje kinne. Kin dat dan? De klasse sil it no ek probearje.
Formaat | 250x250x3 mm |
Aantal pagina's | 39 |
Levertijd | 2 werkdagen |
Auteur | Marianna van Tuinen / Ytsje Steen-Buwalda |
Biografie | Marianna van Tuinen (1951) makket sûnt har oplieding oan de Academie voor Beeldende Kunsten ‘Minerva’ printeboeken mei kollaazjes fan papier. Hja yllustrearre û.o. it Fryske berneboekewike-geskink fan 1995 (Gele Gijs & Lange Loeres) en de seizoenbesjochplaten foar In De Maneschijn (1993). By in tentoanstelling fan de Nederlandse Illustratoren Club yn it Stedelijk Museum fan Amsterdam wûn hja de 4e priis fan it publyk. Ytsje Steen-Buwalda is berne yn Seisbierrum op 21 april 1959. Nei de legere skoalle (yn Slootdorp, Noard-Hollân) hat sy it ateneum folge op it Lienward College yn Ljouwert, en dêrnei hat sy yn Den Haach de sekretaresse-oplieding fan Schoevers dien. Fan 1978 oant 1984 wie se administratyf meiwurkster by in notaris yn Marrum. Sûnt 2001 wurket se as freelance oersetter en korrektor, ûnder oaren foar Elikser en de Afûk. Yn 2010 hat sy it jeugdboek Koning van Katoren fan Jan Terlouw oerset yn it Frysk, en yn 2016 ferskynde har oersetting Jip en Janneke yn it Frysk. |
Verschijningsdatum | 21-08-2017 |
Specificaties
- Artikelnummer
- 978-90-8954-970-9
- EAN nummer
- 9789089549709
- Auteur
- Marianna van Tuinen
- Vertaler
- Ytsje Steen-Buwalda