Lofts Rjochts Lofts Rjochts (e-boek)
Nij aventoer fan Desiderius wêryn ús held ronsele wurdt en yn it Nederlânske leger yn Afghanistan bedarret
€ 6,50
Omschrijving
Dan rattelet it hânfet fan ’e doar op en del. Desiderius hâldt de siken yn. De trein hat wylst aardich faasje mindere. Hy moat derút ear’t se him yn ’e kraach fetsje. Hy slacht mei in boartersguodpistoal it rút yn, faget de glêsdiggels út ’e sponning. Allegear stedsljocht blikkeret him temjitte, de treasteleaze wenkazernes fan Rotterdam Alexander. Efter him heart er kaaien, gerattel. Hy sit al op ’e râne, ree en spring, as in knûstige hân him by it nekfel kriget:
- Ik soe it net dwaan as ik jo wie.
Lofts rjochts lofts rjochts! Sa marsjeart it leger en sa marsjeart de polityk. En dy hiene yn Afghanistan fan alles mei-inoar te krijen. Yn dit nijste aventoer fan Desiderius komt de ûnderste stien boppe as ús held ronsele wurdt en yn it Nederlânske leger yn Afghanistan bedarret. Hy wurdt finzen nommen troch de Taliban en belibbet in protte eksoatyske aventoeren. Mar ein goed al goed. Warskôging: yn dizze skelmeroman komt ek in sekssêne foar, dus inkeld foar 18 jier en âlder.
Formaat | |
Aantal pagina's | 76 |
Levertijd | 0 werkdagen |
Auteur | Eric Hoekstra |
Korte levensbeschrijving | Eric Hoekstra beskriuwt himsels as tinker en dichter. Yn 2007 bivakkearre hy in wike yn in tonne foar in boekhannel ter gelegenheid fan de Maand van de Filosofie, yn it spoar fan de âlde Grykse filosoof Diogenes de Synikus. Fierder sette hy wurk fan de filosoof Friedrich Nietzsche oer yn it Frysk, wêr’t hy de Obe Postmapriis foar krige. Yn syn hoedanichheid fan taalkundige ûndersiket hy ûnder oaren ferbale manipulaasje yn nijs- en aktualiteiterubrieken. Nêst syn taalkundich en letterkundich wurk skriuwt hy kollums foar de populêre nijsside liwwadders.nl. Hoekstra slagget yn it goed beargumentearjen fan orizjinele stânpunten. Yn 2012 ferskynde fan syn hân in Nederlânske en in Fryske oersetting (yn ien bân) fan de Bhagavad Gita. |
Verschijningsdatum | 2013-08-29 |
Specificaties
- Artikelnummer
- 978-90-8954-566-4
- EAN nummer
- 9789089545664
- Auteur
- Eric Hoekstra