Midfrysk Goud e-boek
In fermaaklike, ferrassende en oansprekkende bondeling fan Midfrysk wurk
€ 6,50
Omschrijving
It bêste út ’e 17e iuw yn goed lêsber Frysk
Mei dizze blomlêzing besykje ik ús perspektyf op Fryske literatuer yn de 17e iuw by te stjoeren. It byld sa’t it no is, wurdt iensidich beskaat troch de reuzefiguer fan Gysbert Japicx. Syn wurk wurdt ferhearlike, net kritysk hifke, en it wurk fan in Van Hichtum wurdt sûnder fierdere analyze as ynferieur beskôge.
Yn dizze blomlêzing behannelet Eric Hoekstra ûnder oaren ûndogenske lietsjes fan Giacomo Vredeman, it petear tusken mem en dochter oer de leafde yn Johan fan Hichtum syn Ansk en Houk, Deiboek en reis fan Jan van Vliet, De Sprekwurden fan Jurjen fan Burmania, de lyryske Gysbert Japicx en Gysbert Japicx as kristen en as kluchtige moralist. Alle stikke binne foarsjoen fan in ynlieding en sa nedich útlis. In fermaaklike, ferrassende en oansprekkende bondeling.
Midfrysk goud_Inkijk.pdf
Formaat | e-boek |
Aantal pagina's | 129 |
Levertijd | 0 werkdagen |
Auteur | Eric Hoekstra |
Biografie | Eric Hoekstra beskriuwt himsels as tinker en dichter. Yn 2007 bivakkearre hy in wike yn in tonne foar in boekhannel ter gelegenheid fan de Maand van de Filosofie, yn it spoar fan de âlde Grykse filosoof Diogenes de Synikus. Fierder sette hy wurk fan de filosoof Friedrich Nietzsche oer yn it Frysk, wêr’t hy de Obe Postmapriis foar krige. Yn syn hoedanichheid fan taalkundige ûndersiket hy ûnder oaren ferbale manipulaasje yn nijs- en aktualiteiterubrieken. Nêst syn taalkundich en letterkundich wurk skriuwt hy kollums foar de populêre nijsside liwwadders.nl. Hoekstra slagget yn it goed beargumentearjen fan orizjinele stânpunten. Yn 2012 ferskynde fan syn hân in Nederlânske en in Fryske oersetting (yn ien bân) fan de Bhagavad Gita. |
Verschijningsdatum | 17-12-2015 |
Specificaties
- Artikelnummer
- 978-90-8954-817-7
- EAN nummer
- 9789089548177
- Vertaler
- Eric Hoekstra