Moard op ’e steger
Afbeelding van Moard op ’e steger
Afbeelding van Moard op ’e steger

Moard op ’e steger

Yn dit fjirde diel yn de searje oer de plysjemannen Bekkema en Roosjes moatte se de moard op in fisker oplosse

€ 16,50



    Omschrijving

    Brigadier-resjersjeur Liuwe Bekkema en haadplysje-resjersjeur Lukas Roosjen, op it buro de Blomkes neamd, sitte noflik oan ’e Bearenburch op it terras te filosofearjen. Dan komt der in oprop fan de meldkeamer. In man en in frou op in steger fuortby ha in ferstoarne fisker fûn, dy’t earst allinne mar sleau yn syn stoel like te sitten. De Blomkes moatte útsykje hoe’t dit sit. De frou fan it slachtoffer reagearret sûnder emoasje. Dat fine de mannen frjemd. It lêste wat sy fan har man heard hat is in appke: “Plan fan B. feroare, kom jûn dus net thús.”
    Wat wie dat plan? En hie er fijannen? De Blomkes dûke der djip yn en dan blykt alles dochs wer oars te wêzen as it earst like.

    Dit is it fjirde diel yn de searje oer plysjemannen Bekkema en Roosjes. Earder ferskynden: Allegearre snie, Moard yn ’e hite hei en Moard yn tsjerke.

    Moardopesteger_Inkijk.pdf

    Formaat 145x210 mm
    Aantal pagina's 140
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur Meindert Bylsma
    Biografie

    Fan Meindert Bylsma ferskynden by Elikser earder trije spannende en fermaaklike plysjeromans oer it duo de Blomkes: Allegearre snie, Moard yn ’e hite hei en Moard yn tsjerke. Fierders skreau er de assosjaasjeroman It iene hellet it oare út, de novelle En dêr marsjearje ik hinne en trije bondels ferhalen en oertinkingen: Rys mei rezinen, In balpinne tsjin de râne fan it trotwaar en Wês wiis mei nuvere houtsjes.

    Verschijningsdatum 29-06-2024

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-94-6365-663-4
    EAN nummer
    9789463656634
    Auteur
    Meindert Bylsma