Moard yn ’e hite hei
Fermaaklike plysjeroman fan Meindert Bylsma oer filosofearjend resjersjeursduo Bekkema en Roosjen
€ 16,50
Omschrijving
Stikje by bytsje draait er it nei him ta. Swier giet it, hiel swier. Mar snoer en angel hâlde it. Hoeden dirigearret er de boel nei de ein fan ’e steger en sa nei de wâl. Der komt in stikje fan in sek omheech, in jutesek. Dêr is de heak yn fêst slein. Hy kin de sek fêstpakke. Troch de reidwâl hinne hyst er him heal op ’e wâl. Der sit noch fan alles ûnder. En dan sjocht er ynienen wat it is. Syn hert slacht sawat op ’e rin.
Resjersjeurs Liuwe Bekkema en Lukas Roosjen, op it buro ‘de Blomkes’ neamd, krije in melding. Wiggele Kingma is de ôfrûne nacht net thús kommen. No bart dat wol faker, mar diskear fine se in plasse bestjurre bloed yn syn skuorre. En it docht bliken dat der hiel wat minsken binne by wa’t dizze boer op in tige minne namme leit. Yn har syktocht nei de wierheid komme der mear liken út de kast. De Blomkes moatte alles op alles sette om de wierheid te efterheljen. En dan is it by eintsjebeslút dochs wer hiel oars as dat it yn it begjin like.
Moard yn 'e hite hei_Inkijk.pdf
Formaat | 145x210x12 mm |
Aantal pagina's | 126 |
Levertijd | 2 werkdagen |
Auteur | Meindert Bylsma |
Biografie | Meindert Bylsma (1941) waard berne yn Wergea. Hy folge in oplieding ta ûnderwizer en joech in skoft les om utens. Pleage troch ûnwennigens kaam er al gau wer yn Fryslân (Kimswert) werom. Bylsma bleau oant syn pensjonearring learaar Nederlânsk en nifeljen yn Harns. Hy is de skriuwer fan in grut oeuvre, sawol poëzij as proaza, mei in opfallende kombinaasje fan boartlikens en earnst. |
Verschijningsdatum | 14-04-2018 |
Specificaties
- Artikelnummer
- 978-94-6365-046-5
- EAN nummer
- 9789463650465
- Auteur
- Meindert Bylsma