Neeltsje
It ferhaal fan in grutte húshâlding op it plattelân fan Fryslân, dat te meitsjen krijt mei allegear tsjinslach. Skreaun op tige werkenbere wize
€ 17,25
Omschrijving
Neeltsje siet bûten, op 't terras, yn 'e wite túnstoel, en de hûn lei ûnder har stoel.
It terras, dat har heit oanlein hie, fan moaie grutte kleure grintstiennen, en dêr't har mem de boel moai oanklaaid hie mei sels opmakke blombakken.
In klimop hong oer it gehiel hinne, leunend op in pergola. Neeltsje, hie gjin each foar alles wat der om har hinne groeide en bloeide.
Se gûlde, en gûlde ...
Neeltsje fertelt it ferhaal fan in grutte húshâlding op it plattelân fan Fryslân, yn de stoarmen fan it deistich bestean. Meiïnoar moatte hja alles ferarbeidzje: dat se fan de pleats ôf moatte, dat it kapteinske fan it skip, harren mem, fierstente betiid it roer oerjaan moat, dat harren heit dêrnei ynienen yn 'e blommen omreaget. En dat wylst er dêr nea fan witte woe. Mar as Kupido raak sjit, feroaret dat allegear. Yntusken belibje se sels ek fan alles, krije in húshâlding, bern en moatte it roer rjocht hâlde as har libbenssee ûnrêstich is. Rikky Nagel fertelt it ferhaal fanút it perspektyf fan har jongste suske, mar lit tagelyk ek sjen wat har eigen gefoel oer dit alles is. Se hat in autentike styl fol gefoel en beskriuwt alles mei humor en faasje. It ferhaal fan harren famylje is sa werkenber skreaun, dat mannichien tinke kinne soe dat it oer har eigen húshâlding giet. In knappe prestaasje foar in debutante.
Formaat | 125 x 200 mm |
Aantal pagina's | 109 pagina's |
Levertijd | 2 werkdagen |
Auteur | Rikky Nagel |
Korte levensbeschrijving | Rikky Nagel is 47 jier jong, hat noch twa fan de trije bern thús, wurket as Alphahulp en docht P.G.B.-wurk. Fierders hat se in kontrakt yn 't kafee foar fjouwer oeren. Yn har frije tiid skriuwt se (foar de doarpskrante), se mei freeslik graach yn 'e tûn omreagje, borduere, skilderje, lêze, mei oare wurden, mei graach kreatyf wêze. Yn de winter mei se graach krûsjasse/skutjasse, yn 't doarp, en yn de omlizzende doarpen. No't Neeltsje wurdearring krigen hat, fielt se har wat fertrouder mei it skriuwen fan stikjes. |
Verschijningsdatum | 2009-05-24 |
Specificaties
- Artikelnummer
- 978-90-8954-106-2
- EAN nummer
- 9789089541062
- Auteur
- Rikky Nagel