Oer it wetter (e-boek)
Afbeelding van Oer it wetter (e-boek)
Afbeelding van Oer it wetter (e-boek)

Oer it wetter (e-boek)

Muzyk, poëzij en byld ynspirearre op it tema Oer it wetter, gearbrocht yn in bondel en op cd

€ 9,95



    Omschrijving

    Yn de simmer fan 2010 frege Tryntsje van der Veer skriuwers, dichters en muzikanten dy’t se koe fia Tresoar om eat te meitsjen mei as tema ‘Oer it wetter’. Dat levere in rike rispinge fan allegear materiaal op dat sa goed byinoar paste, dat se it fêstlizze woe yn boek en cd. Op 9 en 16 oktober 2010 waarden de teksten en muzyk opnaam. De poëzij, fertellingen en lietteksten waarden somtiden ferstille brocht, sweevjend op in weach fan sêfte klanken, mar dan wer krêftich en yntins. De fariaasje yn muzyk wie fan dimmen, jazzy, folk oant metal. Dat alles yn in mjuks fan solostikken en gearwurking, ynklusyf ymprovisaasje. De skriuwers en útfierders wurken mei passy. Guon hiene fakminsken by har útfiering belutsen, oaren in selskip en ek die in koar fan diriginten mei.

    Op de cd en yn it boek dit nije Fryske wurd en lûd. Yn it boek is ek de fisuele diminsje fan wetter en ferbining meinaam. Dat omfettet wurk fan en fia de skriuwers en fotowurk fan Ouke Kooistra, Johan Veenstra en Coby Bandstra.

    myn dream komt oanfarren oer de mar
    de seilen strutsen
    Aukje Kloppenburg

    dûbelskouderich mei mânsk basalt
    Edwin de Groot

    der is gjin tiid en
    der is alle tiid
    Geke Houwer

    ik ha in in wûnder sjoen
    Meintsje Brouwer


    Formaate-boek
    Aantal pagina's75
    Levertijd0 werkdagen
    Auteurauteursgroep
    Korte levensbeschrijving
    Verschijningsdatum2013-01-01

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-484-1
    EAN nummer
    9789089544841
    Redacteur
    Tryntsje van der Veer