Protter-rige I 2014 fjouwer boeken
Afbeelding van Protter-rige I 2014 fjouwer boeken
Afbeelding van Protter-rige I 2014 fjouwer boeken
Afbeelding van Protter-rige I 2014 fjouwer boeken
Afbeelding van Protter-rige I 2014 fjouwer boeken

Protter-rige I 2014 fjouwer boeken

Foar it Frysk is der dit jier in nij inisjatyf: de Protter-rige. Dizze, op de Nederlânske Lijsters ynspirearre, rige is bedoeld foar de learlingen fan groep 7 en 8, en dan benammen om thús te lêzen. It binne âldere, populêre berneboeken yn in nij jaske, dy't hiel foardielich oanbean wurde kinne

€ 19,75



    Omschrijving

    Mentha Minnema en it keldermystearje
    Riemkje Hoogland-Pitstra
    Dit is de earste fan de acht suksesfolle Mentha Minnema-boeken.
    Mentha Minnema hat in spannende hobby: se hat in goeie noas foar dingen dy't net doge. Sa falt se fan it iene aventoer yn it oare.
    Ditkear heart se frjemde lûden by har yn 'e hûs. Yn har kelder blykt de yngong fan in ûnderierdske gong te sitten. Dy komt út by it eardere kleaster. De dieven witte dat ek!
    Mei har hûn Grate en de help fan Geart en Geeske giet se op ûndersyk út! En dat is net sûnder gefaar...

    Mentha Minnema en it smokkelmystearje
    Jan Schotanus
    Mentha Minnema komt troch autopech net yn Súd-Frankryk mar yn Straatsburch telâne. Dêr treft se har buorlju mei Ferdinand en in Spaansk/Frysk famke, Leontine. Mei-inoar besjogge se it Europeeske parlemintsgebou. Wat Ferdinand dêr yn in laadsje fynt, liedt ta in spannend aventoer! In gefaarlike binde hannelet yn eksoatyske bisten, dy't Europa binnensmokkele wurde. Skiphol, de haven fan Harns, Leontine har heit, en dat Fryske parlemintslid mei har djoere auto...


    Muoike Klaptút
    Ep van Hijum
    Groep 7 hat syn nocht fan dy saaie ûnderwerpen as "Het donkere bos" foar in opstel. Hoe betinkt juf it. De bern wolle it oars ha.
    Ferhalen oer harsels en skreaun troch harsels. Spannende ferhalen, grappige ferhalen... échte ferhalen!
    En mei dy ferhalen wolle se ek noch wat bysûnders dwaan.
    Wat dat is? Dan silst it boek lêze moatte...

    It is foar de hearen
    Anny de Jong
    Oan de ein fan de fyftjinde ieu is der rûnom yn Fryslân striid. De Skieringers fjochtsje tsjin de Fetkeapers. En dan ha je noch de hearen fan de ferskillende stêden: se rôvje en plonderje as se de kâns krije. Wa wurdt de baas yn Boalsert? Mei haakbussen (grutte gewearen) en kanonnen fjochtsje se derom. Op libben en dea!
    Yn dy roerige tiden slute Harm en Peke freonskip, al soene se eins fijannen fan elkoar wêze moatte.

    Formaat e-boek
    Aantal pagina's 92
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur

    Riemkje Hoogland-Pitstra, Jan Schotanus, Ep van Hijum, Anny de Jong

    Biografie


    Riemkje Hoogland-Pitstra
    Ik ha mear as 40 jier yn it ûnderwiis wurke, mar ik bin noch lang net klear mei skriuwen! Ik rjochtsje my foaral op aktiviteiten foar jongere bern.
    Ik skriuw ek boartlik Frysk lesmateriaal foar pjutten en beukers lykas de Sânglêsrige en Studio F. Én Hylper lesmateriaal foar de basisskoalle yn Hylpen.
    Yn gearwurking mei Auck Peanstra lit ik Tomke, Romke, Kornelia en Yana Yu allegear aventoeren belibje yn ferhalen, boekjes op rym, Tomke-útstjoerings op Omrop Fryslân en ferhaaltsjes op www.Tomke.nl.
    Ek ha ik in Sinteklazefoarstelling skreaun en ferskate Tomkefoarstellings. By guon foarstellings spylje ik sels in haadrol.
    Ik fersoargje ek âlderjûnen op pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen yn it ramt fan meartaligens. Myn Tomkeferhalen binne dan faak it útgongspunt.
    Oare boeken fan my binne bygelyks:
    Marten de Mûs: Dêr is Marten… en Dêr is Marten wer;
    Professor Sneup Snoad;
    Jord wint in priis;
    Poef de boef, Poef wol in jas en Poef en de wyn;
    ‘Ikke’;
    Mentha Minnema en it wettermystearje;
    Grutte Giele en Lytse Loer.

    Ek wurke ik mei oan in krystboek en oan in foarlêsboek foar lytskes.

    Jan Schotanus
    Ik skriuw meast foar bern fan sa’n njoggen jier ôf. It binne gauris spannende boeken mei in miks fan aventoer, skiednis en science fiction.
    Myn haadpersoanen belibje alderhande aventoeren dy’t soms troch de tiden hinne rinne.
    Bygelyks yn it boek De kwestje fan Quad. De geheimsinnige professor Quad, berne yn it jier 2289, komt troch in defekt fan syn tiidmasine telâne yn it Mantgum fan 1989.
    Nacht op it eilân
    Paul en Eva ha op fakânsje west op Skylge en sille mei de lêste boat nei hûs ta. Stikem geane se noch even fan board om de Sirius, it skip fan Greenpeace, te besjen. Mar har boat fertrekt, en dan wurdt it echt spannend!!!
    De ûnmooglike reis fan de Santa Maria
    Yn 1492 sylt Kolumbus mei trije skippen de Atlantyske Oseaan op om it koartste paad nei Ynje te finen. It wurdt in spannende reis, dy'tsto meibelibje kinst yn de persoan fan Beart de skipsjonge en syn tamme rôt Beppy. Der is trouwens noch in hiel koar fan rotten ek oan board, en miskien is it wol oan dy ploech te tankjen, dat de reis rint sa't er rint.
    Bor en de boef is foar de wat jongere lêzers. It hat yn 2010 de priis fan de Fryske bernesjuery wûn.
    Mar ik skriuw ek graach mei oan ferhalen tegearre mei oare skriuwers lykas by de Mentha Minnemaboeken en de Traveliersrige.
    Fûgelfrij yn de Canyon
    Yn dit diel fan de Traveliersrige giet de famylje nei Amearika. Wat is der allegearre oan de hân by de Grand Canyon?
    Ik ha ek in protte berneboeken út it Ingelsk yn it Frysk fertaald. Ien fan de earste wie fan Roald Dahl: Jappy en it sûkeladefabryk. De nijste is Lytse Daan, de wrâldkampioen, ek van Dahl. Daan wennet mei syn heit yn in wenwein en belibbet de spannendste aventoeren.

    Ep van Hijum
    Berne 29 aug. 1951, troud mei Reny, trije bern: Durk, Dieuwke en Elbrich (sjoch bleate sokken).
    Hobbys: natuer, fotografy, tekenje en skriuwe.
    Berop oant 1 april 2015: direkteur/bestjoerder fan in Stichting yn it basisûnderwiis.
    Oant no ta ha ik fjouwer boeken skreaun.
    Ik meitsje boeken fan ferhalen dy’t ik sels belibje of dy’t ik heard ha fan bern. Fansels meitsje ik it dan moaier as dat it wie.
    Fan Bleate sokken en Kaugomkoppen giet oer myn eigen trije bern. De jongste dochter (Elbrich) komt alle kearen mei in ferhaal thús en dêrfan meitsje ik dan in (swets)ferhaal. Jûns lês ik it ferhaal foar en dan ropt Elbrich hieltyd: ‘Nee, sa wie it net! It wie...’
    De grizelpakken fan Master Jongstra giet oer in nuvere master, en Muoike Klaptút is in ferhaal út dat boek mei dy titel. Se jout fan dy fette klaptuten mei in soad gefliber. Beuh.
    In brêge fan rommel giet oer Rik dy’t in brêge makket oer in sleat. Net in gewoane brêge, mar in hiel spesjale.
    No’t ik hast út it wurk bin, krij ik wat mear tiid. En der sitte allegear ferhalen yn de holle, dy’t derút moatte. Ferhalen oer Nynke en Femke, de bern fan Elbrich, mar ek oer sa’n soad oare bern. Ferhalen foar bern… want wat is der no moaier as bern?


    Anny de Jong
    Nei it histoaryske boek It is foar de hearen ha ik my op oare ferhalen talein.
    Yn hast alle boeken dy’t ik skreaun ha, komme bisten foar. Hynders, hûnen, katten, mar ek wol grizelige sa as slangen en spinnen.
    Trije kear ha ik de berneboekesjuerypriis wûn, foar De hûn mei de dûbele namme, Apesturt en Spikergek.
    Mentha Minnema mei har hûn Grate binne bekend Friezen wurden. Ik ha trije dielen fan dizze Minnema Mystearjes skreaun.
    De nijste searje giet oer de famylje Travelier. Ik ha oant no ta trije dielen oer de Traveliers makke. Auck Peanstra en Jan Schotanus binne de oare auteurs.
    Yslik aktyf spilet op Yslân. Dêr hawwe de Traveliers te krijen mei in gefaarlike groep miljeu-aktivisten. Dy besykje alles om in ûndersyk dêr’t heit Travelier oan meiwurket te sabotearjen. De bern komme dêrtroch yn libbensgefaarlike situaasjes telâne.
    Yn In flitsend hûntsje binne de bern útfanhûs by famylje yn Skotlân. As neef Hugh oan in sheepdogtrial meidocht, ferdwynt syn hûn Sweep. Se krije berjocht dat er dea is, mar dan sjocht Hugh in foto fan in nêst hûnen. It moatte wol bern fan Sweep wêze. De pups hawwe itselde tearke yn it ear. Libbet Sweep noch? Hugh belânet nei in spannende achterfolging yn it sikehûs, mar kriget er syn hûn werom?
    Myn aldernijste Travelier hjit Spoaren! Fardau, Doutsje en Hidde belibje dizze kear kâlde aventoeren yn Finlân. Se wurde sels troch de Russyske geheime tsjinst nei Ruslân ûntfierd.
    It is wol dúdlik: It iene boek is noch spannender as it oare!

    Verschijningsdatum

    01-10-2014

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-123-4
    EAN nummer
    9789089541234