Protter-rige I 2014, fjouwer e-boeken
Foar it Frysk is der dit jier in nij inisjatyf: de Protter-rige. Dizze, op de Nederlânske Lijsters ynspirearre, rige is bedoeld foar de learlingen fan groep 7 en 8, en dan benammen om thús te lêzen. It binne âldere, populêre berneboeken yn in nij jaske, dy't hiel foardielich oanbean wurde kinne
€ 8,-
Omschrijving
Mentha Minnema en it keldermystearje - Riemkje Hoogland-Pitstra
Dit is de earste fan de acht suksesfolle Mentha Minnema-boeken.
Mentha Minnema hat in spannende hobby: se hat in goeie noas foar dingen dy't net doge. Sa falt se fan it iene aventoer yn it oare.
Ditkear heart se frjemde lûden by har yn 'e hûs. Yn har kelder blykt de yngong fan in ûnderierdske gong te sitten. Dy komt út by it eardere kleaster. De dieven witte dat ek!
Mei har hûn Grate en de help fan Geart en Geeske giet se op ûndersyk út! En dat is net sûnder gefaar...
Mentha Minnema en it smokkelmystearje - Jan Schotanus
Mentha Minnema komt troch autopech net yn Súd-Frankryk mar yn Straatsburch telâne. Dêr treft se har buorlju mei Ferdinand en in Spaansk/Frysk famke, Leontine. Mei-inoar besjogge se it Europeeske parlemintsgebou. Wat Ferdinand dêr yn in laadsje fynt, liedt ta in spannend aventoer! In gefaarlike binde hannelet yn eksoatyske bisten, dy't Europa binnensmokkele wurde. Skiphol, de haven fan Harns, Leontine har heit, en dat Fryske parlemintslid mei har djoere auto...
Muoike Klaptút - Ep van Hijum
Groep 7 hat syn nocht fan dy saaie ûnderwerpen as "Het donkere bos" foar in opstel. Hoe betinkt juf it. De bern wolle it oars ha.
Ferhalen oer harsels en skreaun troch harsels. Spannende ferhalen, grappige ferhalen... échte ferhalen!
En mei dy ferhalen wolle se ek noch wat bysûnders dwaan.
Wat dat is? Dan silst it boek lêze moatte...
It is foar de hearen - Anny de Jong
Oan de ein fan de fyftjinde ieu is der rûnom yn Fryslân striid. De Skieringers fjochtsje tsjin de Fetkeapers. En dan ha je noch de hearen fan de ferskillende stêden: se rôvje en plonderje as se de kâns krije. Wa wurdt de baas yn Boalsert? Mei haakbussen (grutte gewearen) en kanonnen fjochtsje se derom. Op libben en dea!
Yn dy roerige tiden slute Harm en Peke freonskip, al soene se eins fijannen fan elkoar wêze moatte.
Formaat | 145x210 |
Aantal pagina's | 92 |
Levertijd | 0 werkdagen |
Auteur | Riemkje Hoogland-Pitstra, Jan Schotanus, Ep van Hijum, Anny de Jong |
Biografie | Riemkje Hoogland-Pitstra Ik ha mear as 40 jier yn it ûnderwiis wurke, mar ik bin noch lang net klear mei skriuwen! Ik rjochtsje my foaral op aktiviteiten foar jongere bern. Ik skriuw ek boartlik Frysk lesmateriaal foar pjutten en beukers lykas de Sânglêsrige en Studio F. Én Hylper lesmateriaal foar de basisskoalle yn Hylpen. Yn gearwurking mei Auck Peanstra lit ik Tomke, Romke, Kornelia en Yana Yu allegear aventoeren belibje yn ferhalen, boekjes op rym, Tomke-útstjoerings op Omrop Fryslân en ferhaaltsjes op www.Tomke.nl. Ek ha ik in Sinteklazefoarstelling skreaun en ferskate Tomkefoarstellings. By guon foarstellings spylje ik sels in haadrol. Ik fersoargje ek âlderjûnen op pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen yn it ramt fan meartaligens. Myn Tomkeferhalen binne dan faak it útgongspunt. Oare boeken fan my binne bygelyks: Marten de Mûs: Dêr is Marten… en Dêr is Marten wer; Professor Sneup Snoad; Jord wint in priis; Poef de boef, Poef wol in jas en Poef en de wyn; ‘Ikke’; Mentha Minnema en it wettermystearje; Grutte Giele en Lytse Loer. Ek wurke ik mei oan in krystboek en oan in foarlêsboek foar lytskes. Jan Schotanus Anny de Jong |
Verschijningsdatum | 01-10-2014 |
Specificaties
- Artikelnummer
- 978-90-8954-676-0
- EAN nummer
- 9789089546760