Protter-rige II 2015, fjouwer boeken
Afbeelding van Protter-rige II 2015, fjouwer boeken
Afbeelding van Protter-rige II 2015, fjouwer boeken
Afbeelding van Protter-rige II 2015, fjouwer boeken
Afbeelding van Protter-rige II 2015, fjouwer boeken

Protter-rige II 2015, fjouwer boeken

Yn de twadde jiergong fan de Protterrige wurde opnij âldere, populêre berneboeken yn in nij jaske stutsen en hiel foardielich oanbean. Dizze, op de Nederlânske Lijsters ynspirearre, rige is bedoeld foar de learlingen fan groep 7 en 8, en dan benammen om thús te lêzen. Yn de twadde jiergong: twa spannende dielen út de populêre Mentha Minnema-searje; In ryk ferhaal oer in speurtocht nei in skat en It ferhaal fan Jelke, dy't karriêre makket yn it keatsen, en de earste stappen op it leafdespaad set.

€ 19,75



    Omschrijving

    Mentha Minnema en it hûnemystearje - Anny de Jong

    Mentha Minnema krijt in brief fan Joukje en Jurjen, want dy binne harren hûn Matte kwyt. Foar de plysje is sa'n hûntsje miskien bysaak, mar Mentha stoart har daliks op it speurwurk. Der ferdwine mear hûntsjes, hast allegear stabijs. Mei de bern komt Mentha stadich tichter by de oplossing. In reade Opel, it âld fabryk, in frjemde Belgyske professor... it binne saken dy't ûndersocht wurde moatte. Mar it giet Jurjen net hurd genôch, dat hy giet sels op ûndersyk út. Dat is net sûnder gefaar. De plysje komt yn aksje, mar earst belibje de bern bange oerkes op de souder fan it fabryk...

    Gefaarlik spul foar Mentha Minnema- Anny de Jong, Riemkje Hoogland-Pitstra en Jan Schotanus

    Mei boeven kinne je net boartsje! Se binne gemien, krimineel en geane foar net ien oan 'e kant. Gefaarlik spul, dus. Seis aventoeren binne yn dit boek byinoar brocht: Yn it earste ferhaal docht Mentha har hûn Grate syn bêst om dieven yn har hûs te pakken, mar rekket sels slim ferwûne. Fierder in neef út Australië dy't koala-bearkes smokkelet... Cd's mei in bysûndere hantekening dy't stellen wurde... Twa broers yn in Dodge dy't... No ja, lês mar gau dizze seis spannende ferhalen.

    De skat fan jonker Jan - Lida Dykstra

    Tekla, Timen, Roas en Atse fine it ferskriklik dat jonker Sibe syn state ferkeapje moat. Mar Sibom - sa't elkenien de âlde jonker neamt - kin net oars: it dak lekt. Op de muorren groeit skimmel, de flierren sitte fol môge... Sibom kin it grut ûnderhâld fan Ealamastate net betelje. Jan Hannes Hakbyl fan Walhalla-hotels wol de state graach keapje. Allinnich, dan wurdt it prachtige hûs wol ôfbrutsen om plak te meitsjen foar in modern hotel. En de fiver en de bosk wurde in swimbad en in golfbaan! Dat mei net trochgean, fine de fjouwer bern. Ealamastate moat bliuwe! As se it ferhaal oer de skat fan jonker Jan hearre, krije se in idee. Sy sille dy skat sykje en fan de opbringsten kin de state opknapt wurde. Mar hoe fynst in skat? Wêr bestiet sa'n skat út? En it alderbelangrykste: hat jonker Jan eins wol écht in skat begroeven yn de tún fan Ealamastate? Of is it mar in leginde...?

    Keatse foar de krânse - Jelle Bangma

    Jelke hâldt fan keatsen. Hy kin it goed en is ek bloedfanatyk. Gauris wint er de krânse, mar hy moat der wol hiel wat foar oer ha: in soad traine, gjin feestjes, betiid op bêd... Fan syn pake, ek in goede keatser, krijt er in pakje. Bringt dat gelok? Mei syn freonen hat Jelke faak sukses, dus wol hy mear: nei de bûnspartij en fansels nei de Freule! Mar Elske dan, en syn âlde maten? In moai ferhaal oer in jongesdream dy't útkomt. Ek foar famkes.




    Formaat 145x210
    Aantal pagina's 92
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur Jelle Bangma, Lida Dykstra, Riemkje Hoogland-Pitstra, Anny de Jong, Jan Schotanus
    Biografie

    Jelle Bangma

    Ik skriuw graach koarte ferhalen en gedichten en soms groeit in ferhaal út ta in boek. Sa binne der no in tsiental boeken foar bern. De lêste twa geane oer fuotbal: ‘Skoare by FC Top’(2008) en ‘Kampioenen fan FC Top’ (2013). In oar balspul dêr’t ik faak oer skreaun ha is it keatsen. En sa ûntstiene der ek boeken oer grutte keatsers, oer Hotze Schuil en Chris Wassenaar.

    Myn gedichten wurde faak foardroegen op it FeRstival, de foardrachts¬wedstryd dy’t elk jier hâlden wurdt foar de learlingen fan it fuortset ûnderwiis. Dêrom dichtsje ik elk jier spesjaal foar dat doel. Se wurde publisearre yn it boekje FeRsefariaasje. Trije kear hawwe de bern, de lêzers, myn wurk bekroand mei de Berneboekesjuery: ‘Kamera klear… aksje!’ (1992), ‘It wie in Opel Kadett’ (1997) en ‘Skoare by FC TOP’ (2008). Dat is fansels it grutste komplimint dat in skriuwer krije kin.

    In greep út myn wurk:

    SMS in fers

    Gedichten foar de leeftyd 10-14 oer alderhanne ûnderwerpen.

    Skoare by FC TOP

    It boek giet oer de talintfolle David en Jeffrey dy’t gek binne fan fuotbal. Op in dei komt in scout fan it grutte FC TOP út ’e stêd te sjen. De jonges wurde útnûge foar in oantal proeftrainings en seleksjewedstriden. Hoe sille de doarpsjonges yn de grutte stêd ûntfongen wurde? Wa fan harren wurdt úteinlik útnûge foar de ‘Voetbalschool’? En is dat no echt wat de jonges wolle?

    Lida Dykstra

    Safolle ûnderwerpen, safolle ideeën… As skriuwer haw ik my nea beheine kinnen ta ien doelgroep. Dêrom skriuw ik printeboeken, AVI-boeken foar begjinnende lêzers, mar ek histoaryske romans. Ik doch dat yn it Frysk en yn it Nederlânsk, en set myn eigen boeken oer, as dat sa útkomt.

    Foar myn wurk haw ik û.o. twa kear de Simke Kloostermanpriis wûn, en ek twa kear in Vlag en Wimpel fan de griffelsjuery krigen. Ik gean graach nei skoallen en bibleteken om te fertellen oer myn wurk (www.sss.nl). Sûnt 2015 bin ik ek aktyf as Skoalskriuwer (www.deschoolschrijver.nl). Foar mear ynformaasje oer myn wurk en in folslein oersjoch fan alle boeken: www.lidadijkstra.nl.

    In greep út myn wurk:

    Skattich

    Yn dit printeboek fynt knyntsje Tys der neat oan dat elkenien him skattich fynt. Hy wol folle leaver stoer wêze. Hy keapet in sinnebril en úteinlik sels in reade motor. Mar oft dat allegear wol helpt?

    Pas op, big!

    It earste diel út in rige oer De klas van Mees Bok. Dizze Nederlânsktalige rige is op AVI-start nivo, foar bern dy’t noch mar krekt lêze. Big fynt yn ‘e bosk in pinne. Hy tekenet in foks op in stien. Mar wat is dat? Der klinkt in knal. En de foks is los! Pas op, big!

    Kiki fangt in pake 25 foarlêsferhalen foar bern fan 4 jier ôf.

    Kiki wol sa graach in pake ha. Dêrom giet se op pakejacht. Mei in gefulde koek. Want dêr binne pakes gek op. Gelokkich fynt se de alderleafste pake fan de wrâld. Ien dy’t grapkes makket en har ferskes leart, mar ek op har past as se siik en en har helpt as se bang is. Spegelspreuk 1757. De 9-jierrige Willem, prins fan Oranje, rint fan hûs fuort. Hy komt telâne by syn beppe Marijke Muoi yn Ljouwert. Dêr belibbet er mei Lodelakei in spannend avontoer trochdat in âld wyfke in flok oer it Princessehof ôfropt. In boek mei histoaryske ynformaasje en ôfbyldings, mar boppe-al in spannend aventoer.

    Riemkje Hoogland-Pitstra

    Ik ha mear as 40 jier yn it ûnderwiis wurke, mar ik bin noch lang net klear mei skriuwen! Ik rjochtsje my foaral op aktiviteiten foar jongere bern. Ik skriuw ek boartlik Frysk lesmateriaal foar pjutten en beukers lykas de Sânglêsrige en Studio F. Én Hylper lesmateriaal foar de basisskoalle yn Hylpen. Yn gearwurking mei Auck Peanstra lit ik Tomke, Romke, Kornelia en Yana Yu allegear aventoeren belibje yn ferhalen, boekjes op rym, Tomke-útstjoerings op Omrop Fryslân en ferhaaltsjes op www.Tomke.nl. Ek ha ik in Sinteklazefoarstelling skreaun en ferskate Tomkefoarstellings. By guon foarstellings spylje ik sels in haadrol. Ik fersoargje ek âlderjûnen op pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen yn it ramt fan meartaligens. Myn Tomkeferhalen binne dan faak it útgongspunt.

    Oare boeken fan my binne bygelyks: Marten de Mûs: Dêr is Marten… en Dêr is Marten wer; Professor Sneup Snoad; Jord wint in priis; Poef de boef, Poef wol in jas en Poef en de wyn; ‘Ikke’; Mentha Minnema en it wettermystearje; Grutte Giele en Lytse Loer . Ek wurke ik mei oan in krystboek en oan in foarlêsboek foar lytskes.

    Anny de Jong

    Nei it histoaryske boek It is foar de hearen ha ik my op oare ferhalen talein. Yn hast alle boeken dy’t ik skreaun ha, komme bisten foar. Hynders, hûnen, katten, mar ek wol grizelige sa as slangen en spinnen. Trije kear ha ik de berneboekesjuerypriis wûn, foar De hûn mei de dûbele namme, Apesturt en Spikergek.

    Mentha Minnema mei har hûn Grate binne bekend Friezen wurden. Ik ha trije dielen fan dizze Minnema Mystearjes skreaun. De nijste searje giet oer de famylje Travelier. Ik ha oant no ta trije dielen oer de Traveliers makke. Auck Peanstra en Jan Schotanus binne de oare auteurs.

    Yslik aktyf spilet op Yslân. Dêr hawwe de Traveliers te krijen mei in gefaarlike groep miljeu-aktivisten. Dy besykje alles om in ûndersyk dêr’t heit Travelier oan meiwurket te sabotearjen. De bern komme dêrtroch yn libbensgefaarlike situaasjes telâne. Yn In flitsend hûntsje binne de bern útfanhûs by famylje yn Skotlân. As neef Hugh oan in sheepdogtrial meidocht, ferdwynt syn hûn Sweep. Se krije berjocht dat er dea is, mar dan sjocht Hugh in foto fan in nêst hûnen. It moatte wol bern fan Sweep wêze. De pups hawwe itselde tearke yn it ear. Libbet Sweep noch? Hugh belânet nei in spannende achterfolging yn it sikehûs, mar kriget er syn hûn werom?

    Myn aldernijste Travelier hjit Spoaren! Fardau, Doutsje en Hidde belibje dizze kear kâlde aventoeren yn Finlân. Se wurde sels troch de Russyske geheime tsjinst nei Ruslân ûntfierd. It is wol dúdlik: It iene boek is noch spannender as it oare!

    Jan Schotanus

    Ik skriuw meast foar bern fan sa’n njoggen jier ôf. It binne gauris spannende boeken mei in miks fan aventoer, skiednis en science fiction. Myn haadpersoanen belibje alderhande aventoeren dy’t soms troch de tiden hinne rinne. Bygelyks yn it boek De kwestje fan Quad. De geheimsinnige professor Quad, berne yn it jier 2289, komt troch in defekt fan syn tiidmasine telâne yn it Mantgum fan 1989. Nacht op it eilân Paul en Eva ha op fakânsje west op Skylge en sille mei de lêste boat nei hûs ta. Stikem geane se noch even fan board om de Sirius, it skip fan Greenpeace, te besjen. Mar har boat fertrekt, en dan wurdt it echt spannend!!!

    De ûnmooglike reis fan de Santa Maria

    Yn 1492 sylt Kolumbus mei trije skippen de Atlantyske Oseaan op om it koartste paad nei Ynje te finen. It wurdt in spannende reis, dy'tsto meibelibje kinst yn de persoan fan Beart de skipsjonge en syn tamme rôt Beppy. Der is trouwens noch in hiel koar fan rotten ek oan board, en miskien is it wol oan dy ploech te tankjen, dat de reis rint sa't er rint.

    Bor en de boef is foar de wat jongere lêzers. It hat yn 2010 de priis fan de Fryske bernesjuery wûn. Mar ik skriuw ek graach mei oan ferhalen tegearre mei oare skriuwers lykas by de Mentha Minnemaboeken en de Traveliersrige. Fûgelfrij yn de Canyon Yn dit diel fan de Traveliersrige giet de famylje nei Amearika. Wat is der allegearre oan de hân by de Grand Canyon? Ik ha ek in protte berneboeken út it Ingelsk yn it Frysk fertaald. Ien fan de earste wie fan Roald Dahl: Jappy en it sûkeladefabryk. De nijste is Lytse Daan, de wrâldkampioen, ek van Dahl. Daan wennet mei syn heit yn in wenwein en belibbet de spannendste aventoeren.

    Verschijningsdatum 01-10-2015

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-786-6
    EAN nummer
    9789089547866