Reade snie en swarte hagelstiennen e-boek
Alternative boerestedsroman fan Josse de Haan yn monoloochfoarm
€ 6,50
Omschrijving
Fan jongsôf hie myn eks – it superreptyl haw ik him foar mysels neamd, yn it ferlingde fan it aartsreptyl, ús heit – in heel goed kontakt mei ús dochter. Ik minder. Sa’t ik net mei ús mem opsjitte koe, omdat se in sloof en in trut wie, sa hie myn dochter altyd rûzje mei my. Doe’t se opgroeide. Se fûn har heit ynteressant, want dat wie in skilder. Ik wie yn har eagen helendal neat.
Foar de haadpersoan yn dit boek binne manlju allegear reptilen. En der is mar ien manear om der mei om te gean: dwaan as rekket it je net, mar yntusken stadich fergif struie. Dat is better as deastekke, of yn ien kear fergiftigje en it wurket effisjinter.
De frou dy’t hjir har monolooch hâldt is dêr in master yn wurden. En al liket har itselde te oerkommen as har mem: brûkt wurde troch in man dy’t oare wiven pakt, úteinlik wint sy. Foardat har man it troch hat, rekket er alles kwyt, krekt sa’t de froulju yn dit boek alles kwyt rekken, sels harsels. Yn dizze novelle fertelt se har ferhaal. Oer de minne jierren, it tekoart oan jild, de fernederingen, de hypokrysy. En… oer de wraak.
Josse de Haan hat mei dizze novelle in nij sjenre oan syn al breed literêr palet tafoege: in alternative boerestedsroman yn monoloochfoarm.
Reade snie en swarte hagelstiennen_Inkijk.pdf
Formaat | e-boek |
Aantal pagina's | 120 |
Levertijd | 1 werkdag |
Auteur | Josse de Haan |
Biografie | Josse de Haan is berne en opgroeid yn Peins, in doarp noardeast fan Frjentsjer. De Haan folge de ûnderwizersoplieding oan de Rykskweekskoalle te Ljouwert. Fan 1962 oant 1971 wie er haad fan de iepenbiere ienmansskoalle te Hjerbeam, dy't yn 1967 in twamansskoalle waard; Trinus Riemersma waard yn 1970 syn direkte kollega. |
Verschijningsdatum | 20-12-2016 |
Specificaties
- Artikelnummer
- 978-90-8954-897-9
- EAN nummer
- 9789089548979
- Auteur
- Josse de Haan