Ridder fan Snits 3 (e-book)
Rienk Bockema wie it lêste part fan de fjirtjinde ieu haadling yn Snits. Hy makke trije lange reizen. De earste reis wie in krústocht nei Rhodos, yn tsjinst fan kening Edward III fan Ingelân. Fanwegen syn moed waard him de rom fan it ridderskip takend
€ 7,-
Omschrijving
Rienk Bockema wie it lêste part fan de fjirtjinde ieu haadling yn Snits. Hy makke trije lange reizen. De earste reis wie in krústocht nei Rhodos, yn tsjinst fan kening Edward III fan Ingelân. Fanwegen syn moed waard him de rom fan it ridderskip takend.
De oanlieding ta syn twadde reis wie de ûnferwachte dea fan syn frou. De eangst foar skuld en ivige straf dreau him op pylgerreis nei Jeruzalem. Dêr krige er de hillige opdracht om in twadde krústocht te ûndernimmen. Fan dy krústocht, tsjin gruthartoch Witold fan Litouwen, brocht er in Marijebyld en twa jonges mei werom. Doe’t er tsjin de sechtich rûn, waard er him bewust dat oan syn aventoerlik bestean in ein kommen wie. Hy wist ek dat syn lêste libbensjierren net sûnder boete koene. Dêrom stifte er it kleaster Thabor, dêr’t er noch langer as in fearnsieu muonts ûnder de muontsen wie.
Formaat | e-book |
Aantal pagina's | 183 |
Levertijd | 0 werkdagen |
Auteur | Willem Tjerkstra |
Korte levensbeschrijving | Willem Tjerkstra (1943) wurke yn it basisûnderwiis en wie letter meiwurker fan It Mienskiplik Sintrum foar Underwiisbegelieding Fryslân (MSÛ) yn Ljouwert. Hy lei him út op it skriuwen fan Frysk lesmateriaal en levere stikken foar de learlingeblêden Sjedêrrr!!! en De Holder. Yn syn debút, de jeugdroman De wite kastanje út 1986, bliek daliks al syn foarleafde foar histoaryske ûnderwerpen. Hy publisearre foar bern en foar folwoeksenen. |
Verschijningsdatum | 2012-05-02 |
Specificaties
- Artikelnummer
- 978-90-8954-406-3
- EAN nummer
- 9789089544063
- Auteur
- Willem Tjerkstra