Ridders fan de Rûne Tafel
Filmysk oersjoch fan de aventoeren fan Persewal, Walewein en noch in mannich oare ridders fan de Rûne Tafel
€ 22,50
Omschrijving
Dit ferhaal is in oersetting fan de episoade Perchevael út de Haachse Lanselotkompilaasje. Lykwols spilet net Perseval in haadrol, mar earder Walewein. Persewal komt yn folle gefallen mar sydlings op it toaniel, meastentiids om Walewein of oare ridders út de swierrichheden te rêden.
It ferhaal begjint mei in sêne oan it hôf fan kening Artur, dêr’t de ridders mei inoar oan de feestdis sitte, omt Persewal nei lange omswervingen wer weromkommen is. Wylst hja oan it iten binne komt der in tige ûneachlike frou yn en neamt de ridders in tal útdagings dêr’t se reewillich op yn geane.
Yn in sechstjintal episoades wurde de aventoeren beskreaun fan ûnder oaren mannen as Walewein, Iwain, Gariët, Kai, Agrawain, Griflet, Persewal sels en syn broer Aglawal. De ferteller wikselt de sênes ôf as yn in film, wêrtroch de lêzer in soart fan kaleidoskopysk oersjoch kriget fan wat der allegear bart. Op ’t lêst moat Walewein yn in ‘twakamp’ tsjin twa sterke ridders fjochtsje. Wa soe winner wurde?
Op ’e eftergrûn is hieltyd Persewal oanwêzich, dy’t Walewein en oaren helpt yn tiden fan need.
De episoade oer Persewal as ûnderdiel fan de Lanselotkompilaasje is in midsieusk ferhaal út it Europeesk taalgebiet, universeel erfguod, en heart as sadanich ta de wrâldliteratuer. It lêzen fan âlde folksferhalen wurket tige identiteitsfoarmend, benammen as dat bart yn de eigen taal. It filmyske aspekt fan dit ferhaal yn it bysûnder is oantreklik foar de jongerein. It rike en treflike Frysk fan Klaas Bruinsma makket it lêzen fan dizze op har sels al spannende en nijsgjirrige ferhalen ta in grut plezier en is ynstruktyf yn ferskate opsichten.
Ridders fan de Rûne Tafel is opnij in geve oanwinst foar de Fryske bibleteek.
Ridders fan de Rûne Tafel_Inkijk.pdf
Formaat | 165x240x16 mm |
Aantal pagina's | 186 |
Levertijd | 2 werkdagen |
Vertaler | Klaas Bruinsma |
Biografie | Klaas Bruinsma (*Easterein 1931) is al sûnt 1970 dwaande mei it oersetten yn it Frysk fan teksten út ferskate talen, ûnder oare Latyn, Gryks, Ingels, Frâns, Dúts, Spaans, mar ek teksten út it Middelnederlâns, sa as Perceval. Bruinsma syn grutte fertsjinste is dat hy tichte by de oarspronkelike tekst bliuwt, en tagelyk dêrby metrum en rym yn acht hâldt. Syn enoarme algemiene kennis, grutte wurdskat en sparkeljende wurdkar bliuwe ferbazen en hy is yn steat dêrmei de oandacht ta de ein fêst te hâlden. |
Verschijningsdatum | 14-04-2017 |
Specificaties
- Artikelnummer
- 978-90-8954-947-1
- EAN nummer
- 9789089549471
- Auteur
- Klaas Bruinsma
- Vertaler
- Klaas Bruinsma