Sa n tuzen blauwe skriften (e-boek)
Afbeelding van Sa n tuzen blauwe skriften (e-boek)
Afbeelding van Sa n tuzen blauwe skriften (e-boek)

Sa n tuzen blauwe skriften (e-boek)

Yn dit boek wurdt it libben beskreaun fan Reinder Brolsma (1882-1953), ien fan de grutte Fryske skriuwers fan de tweintichste ieu

€ 8,50



    Omschrijving

    Yn dit boek wurdt it libben beskreaun fan Reinder Brolsma (1882-1953), ien fan de grutte Fryske skriuwers fan de tweintichste ieu.
    Ferneamd om syn wurk, bleau syn persoanlik libben oant no ta fierhinne ûnbekend. De biograaf hat tagong krigen ta famyljedokuminten en petearen hân mei Brolsma syn dochter, syn pakesizzers en oare famylje en kunde. Sa is in boek ûntstien dat in rykdom oan ynformaasje jout oer Brolsma syn libben en wurk. De skriuwer waard berne te Stiens en swalke as ferversfeint hiel Fryslân troch, ear’t er ferversbaas waard, earst yn Lichtaard en letter yn Akkrum. Dêrnei slagge er yn Ljouwert oan wurk, wylst er syn liddige oeren wol sa’n tûzen blauwe skriften folskeau. Omtrint yn alle Fryske tydskriften wie wurk fan syn hân te finen. Net earder as yn 1936 koe er de kwaste dellizze en waard er sjoernalist. Benammen troch syn rubriken yn de Hepkema-kranten wie er de meastlêzen skriuwer fan syn tiid. Troch syn skriuwerskip moast er yn ’e oarloch kieze. Hy sleat him oan by de Fryske Rie en oanfurdige de Harmen-Sytstrapriis út hannen fan de besetters. Foar syn kar krige hy nei de oarloch in publikaasjeferbod fan oardel jier. By de lêzers en syn kollega’s bleau syn wurk populêr sa’t by de huldiging ta gelegenheid fan syn santichste jierdei yn 1952 dúdlik nei foaren kaam.
    Sa’n tûzen blauwe skriften is in moderne skriuwersbiografy dy’t troch de treflike dosearring fan de ynformaasje noflik lêst. It is in ‘must’ foar elkenien dy’t niget hat oan ’e Fryske literatuer.

    Formaate-boek
    Aantal pagina's360
    Levertijd0 werkdagen
    AuteurDoeke Sijens
    Korte levensbeschrijving

    Doeke Sijens hat yn syn berteplak Hantum wenne oant er yn 1973 nei Grins gie om dêr in oplieding te folgjen oan de bibleteekakademy. Nei syn ôfstudearjen kaam er as bibliotekaris te wurkjen by de Grinzer stedsbiblioteek, de festiging fan de iepenbiere biblioteek yn de stêd, dêr’t er sûnt jierren haad fan is.
    Doeke Sijens skriuwt njonken proaza yn it Frysk ek yn it Nederlânsk, tegearre mei Coen Peppelenbos skreau er de roman Tavenier, in komyske gay-soap. Twa jier letter ferskynde it ferfolch ûnder de titel Harde actie : Tavenier 2. Syn ferhalebondel Nei it lân fan palmerûzjen kaam yn 2007 út yn in Nederlânsktalige oersetting as Friese jongens en andere verhalen.

    Verschijningsdatum2012-05-02

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-401-8
    EAN nummer
    9789089544018
    Auteur
    Doeke Sijens