Samle fersen en Oersettings fan Klaas Bruinsma
Afbeelding van Samle fersen en Oersettings fan Klaas Bruinsma
Afbeelding van Samle fersen en Oersettings fan Klaas Bruinsma

Samle fersen en Oersettings fan Klaas Bruinsma

Bondel gedichten en sangen, byinoar garre troch Bruinsma sels

€ 27,50



    Omschrijving

    Samle Fersen en Oersettings fan Klaas Bruinsma is in bondel gedichten en sangen, byinoar garre troch Klaas Bruinsma. It grutste part fan de gedichten binne gelegenheitsgedichten fan syn eigen hân. Dêrneist binne der bekende en mear ûnbekende gedichten fan oare auteurs, mei oersettingen fan Bruinsma yn ferskate talen, en gedichten út oare talen, oerset yn it Frysk. Treffend binne ek de oersettingen fan Aldfryske sangen.
    Klaas Bruinsma is ferneamd om syn oersettingen yn byldzjend Frysk. Syn enoarme talenkennis yn kombinaasje mei syn lyryske talinten meitsje syn wurk ta in wichtich stik erfgoed foar it Fryske taalgebiet, mei syn eigen wurk as de peareltsjes yn de kroan.

    Samlefersenenoersettings_Inkijk.pdf

    Formaat 165x240x15 mm
    Aantal pagina's 181
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur Klaas Bruinsma
    Biografie


    Klaas Bruinsma (* Easterein 1931- Drachten 2018) is al sûnt 1970 dwaande mei it oersetten yn it Frysk fan teksten út ferskate talen en krige twa kear de Obe Postmapriis. Bruinsma wurket út leafde foar de taal en út oertsjûging en idealisme foar Fryslân (syn eigen wurden).


    In memoriam Klaas Bruinsma

    Stoarn op 29 oktober 2018 yn it hospice Smelnehaven yn Drachten yn de leeftyd fan 87 jier.
    Klaas Bruinsma wie in markant man. Hy hie tige útsprutsen ideeën oer alderlei saken en mocht graach yn kleare bewurdingen útiensette wat der allegear mis wie oan de maatskippij. Benammen oan de moderne maatskippij mei syn digitale ‘foarútgong’, dy’t hy leaver betitele as ‘efterútgong’. Dochs bleau hy oan ’e ein ta yn ’t seal om oersettings te meitsjen en dy ek útjûn te krijen. It digitalisearjen wie hjirby syn grutste stroffelstien, dat moast er oan oaren oerlitte, en it wie net altyd maklik hjir minsken foar te finen. Mar úteinlik slagge dat dochs altiten wol wer, al wie it allinnich mar troch syn eigen trochsettende hâlding, dêr foelen minsken foar.
    Foar him wienen der mar in pear dingen echt wichtich: it leauwe, Fryslân, it Frysk en taal yn it algemien. Hy spruts seker seis talen of mear, en sette oer út it Middelnederlâns, 18e iuws Nederlâns, Aldfrysk, Ingels, Frâns, Dúts, Spaans, Latyn, Gryks. Syn doel yn it oersetten wie om sa ticht mooglik by de oarspronklike tekst te bliuwen sûnder de ûntfangende taal geweld oan te dwaan. Ek rym en metrum hienen hjirby in bepalende rol. Bruinsma plichte te sprekken fan ‘rymtwang’ en ‘metris causa’ (fanwegen it metrum) as it der op oankaam in geve oersetting te meitsjen. Hy hie somtiden kreative oplossings foar dit soarte fan problemen, mar die nea ofte nimmer de grammatika geweld oan.
    Bruinsma mocht dan yn ieren en sinen Frysk wêze, hy bleau net yn Fryslân hingjen. Hy wie tige bereizge yn Europa, benammen nei plakken mei in grut kultureel gehalte en wist ta yn detail syn yndrukken dêroer wer te jaan as jo belangstelling hiene. Dêrnêst hie hy in enoarme kennis op alderlei mêd, dy’t him ek te pas kaam by syn literère wurk.
    Mei it ferstjerren fan dizze koryfee foar Fryslân giet in grut oersetter hinne, in foarfjochter foar geef en byldzjend Frysk. Syn enoarme talenkennis yn kombinaasje mei syn lyryske talinten hawwe syn wurk makke ta in wichtich stik erfgoed foar it Fryske taalgebiet.


    Verschijningsdatum 8-10-2018

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-94-6365-088-5
    EAN nummer
    9789463650885
    Auteur
    Klaas Bruinsma