Omschrijving
allinne
al dat wyt
al dat ljocht
Dizze bondel jout in skets fan in wei nei bewustwurding en folwoeksenens wêrby’t ferkillende foarmen fan keunst in wichtige, gauris beslissende rol spile ha. De bondel bestiet út fjouwer tematysk oardere sykli, ferbûn troch trije oergongsfersen dy’t op harsels steane.
It earste part is wijd oan byldzjende keunst, wêrby’t de folchoarder fan de fersen al eat fan de ûntjouwing fan de dichter sjen lit. Yn it twadde part befine wy ús op it toaniel. It tredde part hat film as ûnderwerp en it lêste part fotografy, benammen aansichtkaarten.
och nim de hiele brot eins
ek mar mei
Formaat | 145x210x5 mm |
Aantal pagina's | 53 |
Levertijd | 2 werkdagen |
Auteur | H. M. Daams |
Biografie | De auteur waard berne yn in lyts plakje ûnder de reek fan Boalsert en is hikke en tein yn Fryslân. Letter ferhuze er nei Grins, en dernei nei Amsterdam, mar tsjintwurdich wennet er yn ’e omkriten Den Haach. Yn it deistich libben set er literêr wurk (meastentiids út it Ingelsk) oer yn it Nederlânsk, mar doe’t er foar himsels begûn te skriuwen ferfoel er automatysk yn syn memmetaal. |
Verschijningsdatum | 24-12-2014 |
Specificaties
- Artikelnummer
- 978-90-8954-727-9
- EAN nummer
- 9789089547279
- Auteur
- H. M. Daams