Snorhierren en in sturtsje

Snorhierren en in sturtsje

Spannend en grappich ferhaal oer in ûndernimmende mûzefamylje yn de tsjerke fan Achlum

€ 17,50



    Omschrijving

    Tynus de tsjerkemûs wennet yn ’e tsjerke fan Achlum. Hy hat in prachtich skûlplakje fûn, fier weistoppe ûnder de trep nei it oargel. Hy en syn frou Tytsje, de bern Hiske, Hinke en Wopke hawwe it tige nei ’t sin. Pake Gurbe wennet ek by harren, yn in lyts keammerke, dêr’t it tige gesellich is. Pake wit alles fan de tsjerke. De mûzefamylje makket allegear spannende aventoeren mei yn har tsjerke, dêr’t altyd wol wat bart. En as se mei fakânsje wolle, dan springe se yn de fytstas fan dûmny en litte har ferfiere nei Hitsum. Dêr wenje muoike Akke, dy’t sa prachtich tekenje kin, en omke Abe. In spannend en grappich ferhaal oer in famylje, dy’t samar echt bestean kinne soe. Geskikt om foar te lêzen foar jongere bern. De skriuwster is dûmny yn Achlum/Hitsum en de tekeningen binne fan Gerda Stapersma-van Willigenburg.

    Snorhierreneninsturtsje_Inkijk.pdf

    Formaat145 x 210 mm
    Aantal pagina's176 pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurAlie Reitsma-Ferwerda
    Korte levensbeschrijving

    De skriuwster is berne út Fryske âlden yn de stêd Grins (1946). As tredde yn in húshâlding mei fjouwer bern learde hja thús Frysk praten. Letter ferhuze de famylje nei Ljouwert, sadat hja it stedsfrysk ek omraak prate kin. Yn 1968 waard hja learares yn it ûnderwiis oan dûbel-beheinde bline bern, in ûnderdiel fan de blineskoalle Bartimëus yn Zeist. Hja troude mei de Fries Jelle Reitsma. Sy setten harren te wenjen yn Drinte. Hja krigen trije bern dy’t fan jongs ôf Frysk, Nederlânsk en Drintsk leard hawwe. Yn har trouwen hat hja dieltiid lesjûn oan de âldste learlingen fan it basisûnderwiis. Doe’t hja 48 jier wie is hja mei de stúdzje teology yn Grins úteinsetten. Yn 2003 waard hja dûmny yn de ‘Protestantske tsjerke fan Achlum en Hitsum’.

    Verschijningsdatum2010-09-03

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-246-5
    EAN nummer
    9789089542465
    Auteur
    Alie Reitsma-Ferwerda