Sulver en minsken
Unferjitlik masterwurk fan Joseph Conrad oer de striid tusken saaklike belangen en morele begjinsels
€ 31,50
Omschrijving
‘Der is gjin frede en gjin rêst bij de ûntjouwing fan saaklike belangen. Dy ha har eigen wet en rjucht. Mar it is baseard op wat it bêste útkomt en is ûnminsklik. It is net rjuchtskepen, hat net dy tiidloasheid en dy kracht dy’t men inkeld fine kin yn in moreel begjinsel.’
Dat sitaat soe men mei rjucht it tema neame kinne fan dit boek Sulver en minsken (1904). De belangrykste ‘ persoan’ soe men de sulvermyn neame kinne dêr’t alles om draait.
It is likernôch 1885. Yn it fiktive Súd-Amerikaanse lân Costaguana erft Charles Gould fan syn heit, ryk keapman dêre, foar ivich in rike mar fertutearzge en net mear aktive sulvermyn, syn heit optwongen troch in korrupt bestjoer dat him lykwols wol twingt om in deel fan de ‘winst’ ôf te dragen. De idealistise Charles hopet mei in goed wurkjende myn de korrupsje en wetteloasheid, sa typearend foar al dy Súd-Amerikaanse lannen, bestride te kinnen: ‘ik festigje myn hoop op saaklike belangen. Lit de saaklike belangen earst mar ris de fuotten stevich ûnder it gat krije, dan kin it net oars of se lizze de omstandichheden op wêrûnder dy allinnich mar bestean bliuwe kinne. Op dy manier wurdt jo jildfertsjinjen hjir rjuchtfeardige tsjinoer wetteloasheid en gaos. (…) Dat is dyn strieltsje hoop.’ Hij kriget jildlike stipe út Amearika en tagelyk wurde mei Ingels kapitaal spoarwegen oanlein.
Charles syn myn begjint rynsk te floeien mei sulver. En dat is tagelyk in nij probleem: dat sulver driicht in doel op himsels te wurden en wekket ek de habsucht op fan in korrupte regearingsklyk. It wurdt in symboal fan in stribjen nei rykdom, macht en ynfloed: it symboal fan de oerwinning op de simpele minsklikheid, ferpersoanlike yn foaral de frou fan Charles Gould, Emilia.
Mei in bûnt ferskaat fan fassinearende persoanen skildert Conrad de ynfloed fan it sulver op har dwaan en har idealen: kinne sij minsken bliuwe dy’t har idealen bewarje en it sulver net ta in doel op himsels wurde litte?
Mei dit boek hat Conrad yn prachtich Ingels in ûnferjitlik masterwurk skreaun oer de striid tusken saaklike belangen en morele begjinsels. In boek dat ek krekt hjoed-de-dei noch neat fan syn aktualiteit ferlern hat.
SulverenminskenBinnenwerkINK.pdf
Formaat | 165x250x27 mm |
Aantal pagina's | 391 |
Levertijd | 2 werkdagen |
Auteur | Joseph Conrad (1857-1924) kaam te wrâld as Józef Teodor Konrad Korzeniowski yn wat hjoed-de-dei Oekraïne is (Poalen bestie doe net as ûnôfhinklik lân). Op syn sechtjinde gong de jonge Conrad nei Marseille, min ofte mear yn ballingskip, en hij meunstere dêr oan as matroas. Sa’n fiif jier letter stapte er oer nei de Ingelse keapfardij, dêr’t er it úteinlik ta kaptein brocht. Hoewol’t it Poals syn memmetaal wie, en hij foaral yn it begjin better Frâns as Ingels koe (der waard yn syn famylje fan lege adel ek Frâns praat), begûn er toch, yn 1895, nei ûntslach nommen te hawwen, romans yn dy lêste taal te skriuwen – en hoe! Syn Ingels is fan in bûtengewoane skjintme en beskriuwend fermogen. It is ek net tafallich dat Conrad, dy’t it libben yn Ingelân pas op lettere leeftyd fan tichtbij kennen learde, suver al syn romans en ferhalen op see pleatste of yn oare lannen. Oersetter Geart fan der Mear (b. 1944 Toppenhuzen) studearre Ingelsk en Frysk yn Grins en wurke fan 1970 oant 2009 by it Ingelsk Ynstitút fan de Grinzer universiteit, mei in ûnderbrekking fan fiif jier (1985-1990) doe’t er oan dyselde universiteit by it Frysk Ynstitút wurke. Fan 1976 oant 1982 wie er ien fan de redakteuren fan Trotwaer. Yn 1985 promovearre er op in proefskrift oer de ‘brekking’ (bgl. beam-beammen) yn it Frysk. Nêst taalwittenskip, mei de lêste goed 17 jier foaral de leksikografy, hat ek it oersetten altyd syn niget hân, foaral de praktyske kanten dêrfan, dy’t er tapasse koe yn syn kursussen literêr Ingelsk-Nederlânsk oan de universiteit.Joseph Conrad |
Verschijningsdatum | 22-05-2019 |
Specificaties
- Artikelnummer
- 978-94-6365-144-8
- EAN nummer
- 9789463651448
- Auteur
- Geart fan der Mear