Swart mar leaflik
Afbeelding van Swart mar leaflik
Afbeelding van Swart mar leaflik

Swart mar leaflik

Dit boek jout in goed byld fan in sletten mienskip yn ’e twadde helte fan de 19de ieu. Swarte Jantsje hat de minne eigenskippen fan har heit urven, mar ek de goede fan har mem. De skriuwer wiist de maatskiplike misstannen oan as oarsaak fan it soms frijwat ûnotterdokse hâlden en dragen fan Swarte Jantsje

€ 18,95



    Omschrijving

    De roman Swart mar leaflik spilet oan ’e Fryske noardkust. Swarte Jantsje hat de minne eigenskippen fan har heit urven, mar ek de goede fan har mem. Har wize fan libjen falt ferkeard by de minsken om har hinne, mar se is sterk en moedich. It boek jout in goed byld fan in sletten mienskip yn ’e twadde helte fan de 19de ieu. De skriuwer wiist de maatskiplike misstannen oan as oarsaak fan it soms frijwat ûnotterdokse hâlden en dragen fan Swarte Jantsje.

    Dit boek is de werútjefte fan de tredde printing út 1998, mei in neiwurd fan T. Steenmeijer-Wielenga.

    Swart mar leaflik is net in klassyk literêr wurk, mar wol in populêr en aardich folksboek.

    Jabik Veenbaasyn de Leeuwarder Courant

    Cuperus was onder de schrijvers van het genre van de eenvoudige streekroman een van de besten.

    Tiny Mulder yn Literair kwartier fan de RONO

    Formaat140x210 mm
    Aantal pagina's240 pagina's
    Levertijd2 werkdagen
    AuteurWatse Cuperus
    Korte levensbeschrijving

    Watse Cuperus (1891-1966) wenne syn hiele libben yn de Noardeasthoeke fan Fryslân. As boere-arbeider, winkelman en letter meteropnimmer ferkearde er mei de gewoane minsken. Hy ûntjoech him ta in sosjaalfielend en striidber folksferteller, dy’t syn skriuwerskip as in ropping en in opdracht beskôge.

    Verschijningsdatum2010-04-09

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-90-8954-181-9
    EAN nummer
    9789089541819
    Auteur
    Watse Cuperus