Tonto mundo
Afbeelding van Tonto mundo
Afbeelding van Tonto mundo

Tonto mundo

​Oansprekkend jongereinboek foar learlingen fuortset ûnderwiis oer twa bern dy’t leare om te gean mei wat har dwers sit

€ 9,95



    Omschrijving

    Duco is faak lilk, om’t syn âlden him net altyd begripe en hy wat oars wurde wol as sy yn ’e holle ha. Olivia like altyd sa leaf, mar as se in stunt úthellet om in klasgenoate op har plak te setten, sjocht it der hiel oars út. Beide wurde se nei in biste-opfang stjoerd, dêr’t de eksintrike Loes harren oan it wurk set. Duco moat in hynstestâl bouwe en Olivia moat in keunstwurk meitsje. En dan wurdt dúdlik wat har beiden sa dwers sit.


    Formaat 140x210
    Aantal pagina's 62
    Levertijd 2 werkdagen
    Auteur Hilda Talsma
    Biografie

    Hilda Talsma (1971) is in flotte skriuwster dy’t har spoaren al mear as fertsjinne hat yn de Fryske literatuer. Se begûn mei trije romans oer it doarpke Frisum. Dêrnei skreau se it boek Brekber, oer it bysûndere hynstefamke Sinne. In pear jier letter ferskynden de skûtsjeromans Wyn fan feroaring, Wyn fan de wierheid & Wyn fan de winners. Yn De Onnie’s en it hynstebal komme personaazjes út al dizze romans wer werom. Tuskentroch skreau se de jeugdroman Slangen ûnder it bêd en yn 2021 skreau se it boekewikegeskink Lockdownleafde. Yn har boeken stiet de minsk en de leafde yn al syn foarmen sintraal.

    Verschijningsdatum 13-01-2025

    Specificaties

    Artikelnummer
    978-94-6365-704-4
    EAN nummer
    9789463657044
    Auteur
    Hilda Talsma