Ut Beda syn HEGA
De tsjerkeskiednis fan it Ingelske folk, skreaun yn 731 troch de benediktiner pryster Beda, oerset yn flot lêsber Frysk
€ 15,50
Omschrijving
Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum, ek wol neamd HEGA, betsjut ‘Tsjerkeskiednis fan it Ingelske folk’ en is skreaun troch de ‘earwearde Beda’. Dizze tige belêzen benediktiner pryster foltôge it boek yn 731, fjouwer jier foar syn dea. It is nijsgjirrich om wat it fertelt oer de situaasje fan Ald-Ingelân, mar ek en foaral wichtich foar de skiednis fan de Ingelske tsjerke. En ek om wat it seit oer de Friezen, dy’t it kristendom ûntfongen fan de Ingelske missionarissen. En Beda beskikte oer gâns oarspronklike dokuminten.
De ‘earwearde Beda’ wie in bysûnder man mei djipgeande kennis fan de skiednis, de bibel en de wittenskippen yn syn tiid en hat oer al dizze ûnderwerpen skreaun. Beda syn styl is saaklik, helder, ienfâldich. Hy wie de bêste skiedskriuwer fan syn tiid en blinkt út yn yntelliginsje. Ek wie hy kenner fan Latynske fersen, fersen yn it Aldingelsk, sette fersen oer yn dizze taal en skreau hy sels gedichten.
Klaas Bruinsma toant yn in oantal fragminten út de HEGA dizze fromme, ienfâldige mar wize en learde muonts mei linige, lêsbere wurden yn ús memmetaal oan it Fryske folk.
Formaat | 125x200 |
Aantal pagina's | 78 |
Levertijd | 2 werkdagen |
Auteur/Vertaler | Beda/Klaas Bruinsma |
Korte levensbeschrijving | |
Verschijningsdatum | 2013-01-29 |
Specificaties
- Artikelnummer
- 978-90-8954-507-7
- EAN nummer
- 9789089545077
- Auteur
- Klaas Bruinsma
- Vertaler
- Klaas Bruinsma